Omrop Fryslân

Jelte (4) út Ljouwert is dit jier ít gesicht fan 3FM Serious Request

Jelte de Haan
© Famylje De Haan
De famylje De Haan út Ljouwert stiet dit jier ít middelpunt fan 3FM Serious Request. Heit Hein, mem Sanne en harren bern, wêrfan Jelte (4) in metabole sykte hat.
Jelte hat net lang mear te libjen. Hy is yn oktober fjouwer wurden, mar it is lang net wis oft hy ek fiif jier wurdt. It is de grutste nachtmerje foar alle âlders, en dy eangst waard wierheid foar Hein en Sanne.
Begjin 2023 waard der in metabole sykte (metachromatische leukodystrofie) konstatearre by lytse Jelte. In dramatyske wending yn it libben fan it gesin. Mar neist it fertriet kamen Hein en Sanne ek yn aksje.

'Jelte is altijd blij'

Want hoewol it foar Jelte te let is, moatte bern mei in metabole sykte yn de takomst in better perspektyf ha. "Omdat er geen medicijn is, is liefde alles wat overblijft" is it motto fan dy striid. "Daar houden we ons aan vast."
Hein de Haan yn petear mei Simone Scheffer
Neffens Hein de Haan is it Jelte sels dy't it gesin der troch helpt. "Jelte is altijd blij. Dat helpt ons."

Oandacht

De aksje en oandacht fan 3FM set it libben al moannen behoarlik op 'e kop. Dat jout in goed gefoel. "Het geeft ook energie. Al hebben we ook gezegd dat als één van ons het niet meer wil, dat we er dan uit stappen."
Dat is net bard. De aksje is yn folle gong. Harren twa dochters, Veerle en Linde, dogge folop mei.
Jelte mocht, tegearre mei Veerle en Linde, mei it fjild op foar de wedstriid Cambuur - ADO Den Haag
© Dijks Media
De kar om it sa te dwaan, en de iepenheid op te sykjen mei it ferhaal fan Jelte, smyt ek in soad op. Hein de Haan is wethâlder yn Ljouwert. "In de politiek zitten we met polarisatie maar ik zie nu hoe mensen schouder aan schouder kunnen staan."

Gesinslibben

Je hearre wolris dat it misgiet yn gesinnen dêr't wat dramatysk bard mei in bern. De famylje De Haan is dêryn altyd hiel iepen west. "'We gaan dit samen doen', hebben we aan het begin tegen elkaar gezegd."
Sanne de Haan mei Jelte
© Famylje De Haan
Sanne is opholden mei har wurk, Sy wol al har tiid mei Jelte trochbringe. Hein wurket noch wol. Foar him is dat de bêste manier om mei de situaasje om te gean.

Glêzen hûs

Foar de aksje fan 3FM binne earder dit jier ferskate filmkes makke. Yn de tuskentiid is Jelte fierder achterút gien. Dat is net altyd maklik, fynt De Haan. "Ik zie in de filmpjes hoe Jelte een half jaar geleden was. Dat is confronterend."
Kommende woansdei is de start fan Serious Request mei it glêzen hûs yn Zwolle. It gesin De Haan is dizze dagen drok mei ferskate aksjes. Se hoopje in soad jild yn te sammeljen.
Jelte mei heit Hein en mem Sanne by Loop Leeuwarden
© Omrop Fryslân
Hoewol't se genietsje fan de aksje en de oandacht foar metabole syktes, moat it aanst ek wer dien wêze. "Ik zal ook blij zijn dat het straks kerst is."
Dan kin de fokus wer op it gesin. En op Jelte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.