Omrop Fryslân

3FM Serious Request kiest foar Stichting Metakids, dy't him ek foar Jelte ynsette sil

3FM Serious Request hat dit jier keazen om har yn te setten foar Stichting Metakids, in organisaasje dy't him rjochtet op ûndersyk nei metabole sykten by bern.
Dat waard woansdeitemoarn bekend makke troch 3FM-dj Wijnand Speelman yn it programma Wijnand yn de Ochtend. It Glazen Huis stiet dit jier yn Swolle.
De trijejierrige Jelte út Ljouwert hat de sykte en wie mei syn âlders by de bekendmakking fan dit goeie doel. "Jelte heeft MLD, een van de vele metabole ziekten", fertelt heit Hein de Haan by 3FM. De húshâlding krige it nijs fan Jelte syn sykte ferline jier yn jannewaris.
"Ik kende het helemaal niet. Metakids niet, metabole ziekten niet." Alden Hein en Sanne de Haan wiene dan ek bot fernuvere doe't se hearden dat metabole sykten de grutste oarsaak fan stjerte ûnder bern yn Nederlân binne.
Jelte mei syn âlders Sanne en Hein de Haan
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Dit wykein waard troch Jelte en syn âlden mei in sponsoraksje noch jild ophelle foar Metakids. Goed 500 minsken diene snein út namme fan Team Jelte mei oan rin-evenemint Loop Leeuwarden.
Troch harren ynset is der in bedrach fan mear as 157.000 euro byinoar brocht. Dit jild sil troch Metakids brûkt wurde foar ûndersyk om alle metabole sykten behannelber te meitsjen.
Jelte de Haan
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Troch metabole sykten kin it lichem iten net mear goed omsette yn enerzjy. Dit komt trochdat bepaalde stoffen ûntbrekke of net goed wurkje en sa kinne skealike stoffen yn it lichem komme. De sykten kinne grutte problemen feroarsaakje, lykas ûntwikkelingsproblemen, problemen mei organen en sels de dea.
By Jelte falt ek hieltyd mear út, fertelt syn heit. "Een paar maanden geleden liep hij nog op zijn loopfietsje door de kamer en nu moeten we hem ondersteunen bij het zitten."
Alden Sanne en Hein de Haan
© Omrop Fryslân
"De metabole ziekte zelf is de grootste vijand, tijd is de tweede grootste vijand", seit mem Sanne. "Want tijd zorgt dat hij elke dag steeds een beetje verder aftakelt."
Se binne o sa wiis mei de aksje fan 3FM foar Metakids, ek al sil takomstich ûndersyk foar Jelte neat mear betsjutte kinne. "We kunnen Jelte niet meer redden, maar we kunnen de volgende Jelte misschien wel helpen."

Glazen Huis

Undersyk nei dizze sykten is tige wichtich om se better begripe te kinnen en behannelingen te finen. 3FM wol dêr letter dit jier mei Serious Request jild foar ophelje mei it Glazen Huis.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.