FIDEO: Triennen en stipe foar sike Jelte (3): "Het geeft ons vleugels"
Team Jelte giet rom oer streefbedrach hinne by aksje foar ûndersyk nei fatale sykte by bern
Hy wurdt net mear better, de sike Jelte (3) út Ljouwert. Mar troch him en de ynset fan hûnderten minsken kinne wol oare bern holpen wurde dy't like siik binne as hy.
Mear as fiifhûndert minsken rûnen snein mei foar de sponsoraksje fan Team Jelte, by it grutte rinevenemint Loop Leeuwarden. De famylje fan Jelte die ek mei oan de kidsrun. En Jelte sels ek. Yn in rolstoel waard er begelaat troch heit Hein, mem Sanne en syn beide suskes.
It bedrach dat ophelle is, wie sneintemoarn 153.027 euro. Sanne en Hein de Haan binne oerweldige troch alle stipe: "Het geeft ons vleugels".