Pakketten oanspield op strannen fan Flylân en It Amelân, plysje tinkt oan drugs
Op de strannen fan Flylân en It Amelân binne meardere pakketten fûn mei dêryn mooglik drugs. Dat meldt de plysje.
De earste pakketten binne freed al fûn op Flylân. Sneon binne ek pakketten oantroffen op It Amelân, by Hollum. Dêrnei is op Flylân wer in pakket fûn.
De measte pakketten binne oantroffen op It Amelân.
Drugs oanspield op Fryske strannen
De plysje hat de pakketten feilichsteld, sadat se ûndersocht wurde kinne. En de plysje hâldt ekstra kontrôles op it strân. Dat seit boargemaster Michiel Schrier fan Flylân.
"Je wilt niet dat de verkeerde mensen dit vinden. Of kinderen. Dat kan gevaarlijk zijn. Maar we weten nog niet wat erin zit, dat moet nog onderzocht worden. Daarna worden de pakketten vernietigd."
Enorme storm
It is ek noch net dúdlik hoe't it de pakketten op it strân telâne kaam binne. De boargemaster wiist wol op it waar fan de ôfrûne wike. "We hebben hier een enorme storm gehad, en de wind kwam uit het Noorden. Die was dus aanlandig."
De plysje ropt minsken op dy't in pakket fine, om dat net iepen te meitsjen of mei te nimmen. Se moatte 112 belje. In wurdfierder fan de plysje slút net út dat der noch mear pakketten oantroffen wurde sille, en seit dat de plysje ek op de oare Waadeilannen ekstra alert is.
Mear pakketten
Earder dizze wike spielden al pakketten mei drugs oan op de strannen fan Dútske Waadeilannen. Ferline moanne gebeurde itselde by Scheveningen, en oan de kust by Ouddorp, Rockanje en Oostvoorne.
De plysje ûndersiket oft dizze saken mei mekoar te krijen ha. In protte wol de wurdfierder dêr net oer kwyt, "in het belang van het onderzoek".
De plysje wurket nau gear mei ûnder oare de Dûane, om it komôf fan de pakketten te efterheljen, de ynhâld te ûndersykjen en fierdere fersprieding fan drugs foar te kommen, meldt de plysje.