Omrop Fryslân

Krimineel paradys: 'Fryslân moat mear dwaan tsjin ûndermining'

Kriminele netwurken ha kânsen yn Fryslân
© Omrop Fryslân
Kriminele netwurken ha sawat frij spul op it Fryske plattelân. Se foarmje dêrmei in bedriging foar de rjochtssteat. Dat blykt út it rapport Ondermijning in Fryslân, dat makke is yn opdracht fan de Fryske gemeenten.
Oerheden meitsje har hieltyd mear soargen oer ûndermynjende aktiviteiten. Fryslân wurdt by dy aktiviteiten net sparre.
Yn guon gebieten binne de ynkommens leech, dy binne dêrtroch oantreklik foar kriminelen. Dêr komt by dat Fryslân in grut bûtengebiet is dêr't - yn ferhâlding - net in soad minsken wenje.
It makket it opspoaren fan kriminele aktiviteiten, lykas de produksje fan drugs, dreech.

Wat is ûndermining?

By ûndermining brûke kriminelen legale bedriuwen en tsjinsten foar har kriminele aktiviteiten. De grinzen tusken de 'gewoane' maatskippij en de ûnderwrâld ferdizenje dan.
De kriminelen hiere of keapje gebouwen en rjochtsje bedriuwen op foar har aktiviteiten. Dêr ha se dan help foar nedich fan bygelyks administraasjekantoaren. Dat ferswakket en ûntregelet de maatskippij.
De soargen binne net ûnterjochte. Kriminele aktiviteiten ferpleatse har út it suden wei nei it noarden ta. Dat hat te krijen mei in strangere oanpak yn bygelyks Brabân, dêr't in soad drugslabs sieten. Mar ek de kontrôles yn de haven fan Rotterdam binne oanskerpe.
Yn Harns warskôget boargemaster Ina Sjerps al in skoft foar de komst fan kriminelen. Begjin dit jier waard dêr yn de haven noch in ûnderwetterskooter oantroffen dy't mooglik brûkt is by drugssmokkel.
Beropsdûker René Groot oer de ûnderwetterscooter dy't brûkt waard yn de haven fan Harns
De ûndersikers sjogge dat gefaar. Fryslân hat in goede ynfrastruktuer: de diken binne goed en der binne ek tal fan havens dêr't gebrûk fan makke wurde kin. It makket de provinsje, benammen de bûtengebieten, in ideaal plak foar kriminele aktiviteiten.
Om dêr wat tsjin te dwaan moat better gearwurke wurde, fine de ûndersikers. Ynformaasje moat dield wurde en ek de koördinaasje tusken plysje en gemeenten moat better.
In oar oandachtspunt is dat ynwenners har better bewust wêze moatte fan de gefaren fan sokke aktiviteiten. Sa binne der al ferskate drugslaboratoaria ûntploft en soarget it dumpen fan drugsôffal foar earnstige miljeuproblemen.

Akseptaasje yn plakken mei sterke autonomy

Yn guon gefallen is ek sprake fan akseptaasje, benammen as it giet om himptylt. Dat falt ek op yn de ekonomysk swakkere gebieten yn de provinsje: Noard- en Noardeast-Fryslân.
Op guon plakken dêr is sprake fan in sterke autonomy: minsken kinne harsels wol rêde, is it idee. De oerheid stiet op ôfstân en de minsken wolle dat graach sa hâlde. Dat uteret him neffens de ûndersikers yn akseptaasje fan drugsgebrûk, hannel en ûnder oare ek ride ûnder ynfloed.
De ûndersikers fine dan ek dat de gemeenten ynsette moatte op it stypjen fan dy kwetsbere gebieten om sa kriminaliteit foar te kommen, mar ek om te bestriden.
Kokaïne
© Shutterstock.com (Valerii__Dex)
Ien fan de oanbefellings is dan ek om mear tafersjoch yn te fieren. It kin gean om minsken dy't har dwaande hâlde mei hanthavening, mar ek mei miljeutafersjoch. Neffens de ûndersikers is der yn alle Fryske gemeenten ferlet fan mear kapasiteit.

Ien drugsoanpak

De ûndersikers fine dat de gemeenten gau oan de slach moatte mei de oanpak fan drugsproduksje en -gebrûk. Der moat foarljochting komme op skoallen, yn de hoareka en ûnder toeristen om foar te kommen dat se drugs brûke.
Boppedat moatte plysje en justysje mear oan de bak, is it advys. De pakkâns foar de hannel en de produksje fan drugs moat ferhege wurde.

Training

Binnen gemeenten sels moat ek wat feroarje: alle ôfdielings dy't te krijen ha mei ûndermining, moatte geregeld oerlizze. Dat jildt ek foar de gearwurking mei oare gemeenten en de plysje.
It giet der yn de haadsaak om dat ynformaasje dield wurdt. Dêrneist moatte amtners, mar ek bestjoerders en riedsleden, traind wurde yn hoe't se ûndermining oanpakke en foarkomme kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.