Kriminele aktiviteiten faak útfierd út Fryske wenningen en loadsen wei, kampanje moat dat keare

Plysje by in drugslab op De Jouwer © Noordernieuws
Wenningen, loadsen en oare gebouwen yn Fryslân wurde gauris brûkt foar kriminele aktiviteiten. It giet dan bygelyks om drugshannel, yllegale prostitúsje en wytwaskjen fan krimineel jild. Om dizze misstannen oan te pakken, hawwe de achttjin Fryske gemeenten in kampanje útrôle.
De kampanje is benammen rjochte op minsken yn de fêstgoedsektor. Sy moatte harren bewust wêze fan de misstanden. Meld Misdaad Anoniem (M.) wurket ek mei oan de kampanje.

Meldpunt

Neffens de Fryske gemeenten krije kriminelen somtiden help fan minsken binnen de fêstgoedsektor. Dêrtroch kinne sy pannen hiere of keapje. Om dat tsjin te gean, is der in meldpunt opset.
Makelers, notarissen, taksateurs, hypoteekadviseurs en oare wurknimmers yn de fêstgoedsektor kinne dêr fertochte saken op in feilige wize melde. Dit kin ek anonym.
Yn oare gemeenten yn it lân is der al earder in soartgelikense kampanje útrôle. Dêr kamen der 30 persint mear meldingen binnen as oars.
Criminelen hebben ook steun in de bovenwereld nodig. Meldingen zijn belangrijk om onveilige en ondermijnende situaties tegen te gaan.
Boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke
Boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke en boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen binne de oanjagers fan de kampanje. Neffens Waanders is it tige wichtich dat minsken fertochte saken yn wenningen melde.
"De winsten en belangen in de onderwereld zijn groot, maar de criminelen hebben ook steun in de bovenwereld nodig. De meldingen zijn belangrijk om onveilige en ondermijnende situaties tegen te gaan."
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke © Omrop Fryslân
Willem Donker, wurdfierder fan de Nederlandse Vereniging van Makelaars (NVM) yn Fryslân, hat ek wolris in fersyk hân fan ien dy't in hoarekapân fan 2.000 euro hiere woe. "Hy bea sa 3.000 euro en sei der ek noch by dat er graach fiif jier foarút betelje woe, en net fia in rekken." Dat oanbod wegere Donker. "Dúdlik foute boel."

Leechsteande pannen op in boerehiem

Minsken bûten de wenningsektor kinne ek melding dwaan. "It giet faak om leechsteande pannen, faak in bytsje efterôf op in boerehiem. Dêr binne oerdeis gjin aktiviteiten, mar jûns as it skimerich is, rydt der wolris in auto. Dan moatst alert wêze, want dat doocht net."
In oprôle drugslab yn Sint Anne © Politie.nl
Yn it rapport 'Leeuwarder Ondermijning' dat yn july presintearre waard, stiet dat 'in Leeuwarden(-Oost) kwetsbare personen, zoals drugsverslaafden en zorgcliënten, een belangrijke huurderscategorie vormen'.
De ûndersikers wize op 'opportunistische vastgoedeigenaren die overtredingen begaan of die deel uitmaken lokale netwerkjes met criminele praktijken en ondernemers die de stap hebben gezet van de onderwereld naar de legale vastgoedmarkt'. Dat sil fan no ôf oanpakt wurde.