Yn heger berop wer selstraffen oant 7 jier easke foar ynternasjonale drugshannel

anp
It gerjochtshôf yn Ljouwert © ANP
It Iepenbier Ministearje easket yn heger berop selstraffen fan 2 moanne oant 7 jier tsjin trettjin fertochten yn de saak-Vidar. Se steane terjocht foar ynternasjonale drugshannel, wytwaskjen fan jild en wapenbesit.
De saak-Vidar draait om ynternasjonale drugshannel tusken Fryslân en Skandinavië. Yn 2020 binne tsientallen fertochten oanholden, fan har binne úteinlik fjirtjin feroardiele mei straffen tusken de 80 oere wurkstraf en 7 jier sel.
Yn heger berop is oant no ta tsjin trettjin fertochten in nije eask útsprutsen. De eask tsjin de lêste fertochte wurdt pas op 19 febrewaris ferwachte.

'Ynset needsaaklik'

By it ûndersyk nei de saak waard in ynfiltrant ynset, dy't ynformaasje krige fan de fertochten en dat dielde mei Justysje.
De ynset fan dy kriminele boargerynfiltrant wie neffens advokaat-generaal Peter van der Spek needsaaklik. "Alleen zo konden we aantonen of motorclub Hells Angels in Noord-Nederland betrokken was bij de internationale handel in harddrugs."
Op in oare manier koe de drugsbinde net oprôle wurde, omdat neffens de advokaat-generaal sprake wie fan in sletten bolwurk. "Ze maken gebruik van geheim telefoonverkeer en hanteren versluierend taalgebruik." By de Hells Angels mei net mei de plysje praat wurde. "Clubregel is dat bij een inval of aanhouding het lid zijn mond moet houden."
Het voordeel was dat hij zich gedraagt als een crimineel, omdat hij een crimineel is.
Advokaat-generaal Peter van der Spek oer de kriminele boargerynfiltrant
De ynfiltrant mei de namme A-4110 lei foar it earst kontakt mei ien fan de fertochten yn jannewaris 2018. Hy frege him "of hij nog wel eens wat deed".
A-4110 krige de opdracht om 'normaal te doen, gedraag je niet anders'. "Het voordeel was dat hij zich gedraagt als een crimineel, omdat hij een crimineel is", seit Van der Spek. Foar syn wurksumheden krige de ynfiltrant sa'n 100.000 euro.

Doorvoerland

Nederlân stiet yn de wrâld bekend als "doorvoerland van harddrugs", seit Van der Spek. "Dat beeld bevestigen de verdachten."
De drugs waarden ferhannele yn Skandinavië, Tailân, Ierlân en Australië. Op 2 maart 2020 wie de saneamde klapdei: de plysje ûnderskepte 86 pakketten speed, bedoeld foar Finlân. Tagelyk waarden op ferskate plakken yn Fryslân ynfallen dien en wapens en drugs yn beslach nommen.
vidar
Under oare yn Noardburgum die de plysje ynfallen © De Vries Media
Neffens it Iepenbier Ministearje (IM) foldocht de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant oan de strange easken dy't dêroan steld binne. Sa mei er by hege útsûndering ynset wurde, wol foar koarte tiid en dan allinnich "bij zeer gesloten groeperingen die zich schuldig maken aan de ernstigste vormen van ondermijnende en georganiseerde criminaliteit".

Oude, manke zwerver

Boppedat mei de ynfiltrant "geen ongeoorloofde druk uitoefenen". Neffens twa fertochten is dat wol gebeurd en binne se troch de man de drugshannel ynlokke. Dat leaut it IM net. "Ze laten zich niet onder druk zetten door A-4110 die in het drugsmilieu uitgerangeerd is. Een oude, manke zwerver, zoals hij wel wordt genoemd."
Earder dizze wike stelden guon advokaten grutte fraachtekens by de mentale sûnens fan de kriminele boargerynfiltrant. De 68-jierrige man, dy't anonym yn it bûtenlân ferbliuwt, is ferline jier ûndersocht troch in neuropsycholooch en dêrút docht bliken dat de ynfiltrant demintearjend is en lêst hat fan waanbylden. Syn ferklearringen soene dan ek net brûkt wurde meie yn dizze saak, sizze de advokaten.
Hij kan veel en zeer gedetailleerd vertellen over vroeger.
Twa plysjeminsken oer A-4110
It IM seit hjoed dat by de ynfiltrant gjin mentale problemen wienen, doe't er ynset waard. "Hij was goed in staat om relevante informatie te reproduceren", seit advokaat-generaal Inge Schepers. It IM konkludearret dat de ynfiltrant folslein betrouber is.
Twa plysjeminsken dy't A-4110 al langer kenne, hawwe ferklearre dat "de meeste opvallende verandering de waanbeelden waren". Fierder sizze se dat "het geheugen van A-4110 normaal is. Hij kan veel en zeer gedetailleerd vertellen over vroeger."