Drugskriminaliteit teisteret Fryslân: coke yn kantines en himp yn de boereskuorre

Drugs yn Fryslân
Drugs yn Fryslân © ANP
In boereskuorre fol xtc en deale achter it doarpshûs: it is foar in soad Friezen nei alle gedachten noch in fier-fan-dyn-bêd-show, mar de realiteit is oars. "Ynienen ride kriminelen mei harren dikke auto dyn hiem op."
Doe't Lammert de Bruin foar syn podcast 'Penoza op het platteland' troch Fryslân luts, foel syn mûle iepen fan fernuvering. Mei syn ûndersyk besiket er de drugskriminaliteit yn Nederlân yn kaart te bringen en Fryslân bliuwt dêrby net bûten skot. Sterker, de idylle fan in rêstige en fredige provinsje blykt fier te sykjen.
De Bruin ferliet syn berteplak Bûtenpost tweintich jier lyn en wennet no yn Soest. "Ik begryp dat alles yn Fryslân net itselde bleaun is, mar dat de drugskriminaliteit der no sa grut is, dêr skrik ik fan", seit er.
"Doe't ik op it Lauwerskolleezje siet, moastest foar drugs nei de grutte stêd ta. In rit nei Grins. No steane der dealers op 'e hoeke en hast it spul binnen in kertier."
Drugslab yn Koatstertille yn 2021
Drugslab yn Koatstertille yn 2021 © Plysje Fryslân
De Bruin die syn ferhaal yn it radioprogramma Buro de Vries. Yn in petear mei boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel, boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen (ek âld-offisier fan justysje) en sektorhaad Janneke Bakker fan Plysje Fryslân waard lyklûdich konkludearre dat de rjochtssteat yntusken bedrige wurdt troch tanimmende kriminele aktiviteiten op it plattelân.

Oanbieden fan fiiftûzen euro

Drugskriminelen hawwe harren tentakels oeral yn de provinsje. Foar de produksje fan drugs binne pleatsen in favorite lokaasje. "Dan ride se mei harren grouwe auto it hiem op en freegje oan de boer oft hy foar fiiftûzen euro syn skuorre ferhiere wol foar drugsproduksje." Om't in soad boeren it no dreech hawwe, moatte se neffens De Bruin stevich yn de skuon stean om 'nee' te sizzen.
In audiofragmint út syn podcast sketst de gong fan saken: "In kollega hat syn loads ferhierd foar it kweken fan himp. Dat is neat bysûnders yn dizze regio", seit in leanwurker yn it fragmint. "As ik oer 'de klaai' ride soe, kin ik se sa oanwize. Mar dat leit gefoelich. Nammen neamst net."
As de boer yn see giet mei kriminelen, sit er dêrnei yn de tange.
Klaas Agricola, boargemaster Dantumadiel
Klaas Agricola fertelt dat fan boeren faak ferwachte wurdt dat se harren bedriuw oerdrage oan de folgjende generaasje. "As boeren fêstsitte, gripe se dus alles oan om jild fertsjinje te kinnen. Want as se ophâlde, is de famyljetradysje trochbrutsen." Dy kwetsberheid lûkt kriminelen oan. Mar as in boer ienkear yn see gien is mei kriminelen, sit er yn de tange. "Derút stappe kin faak net, want se wurde flink ûnder druk set. "
It is dêrom net foar neat dat de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de kampanje 'Boef zoekt Boer' úteinset binne. Dêrmei wurde bewenners ynformearre oer yllegale praktiken yn harren gebiet en wurdt útlein op hokker sinjalen se alert wêze moatte.
De plysje docht ûndersyk nei in eksploazje by in drugslab yn De Haule
De plysje docht ûndersyk nei in eksploazje by in drugslab yn De Haule © Noordernieuws
"Men moat witte dat dizze lju by jin komme kinne", seit Oebele Brouwer. "En tink net: 'plantsje, rispje, en dan klear'. Der kinne allegear aaklike dingen achterwei komme. Tink oan in ripdeal, wêrby't de iene partij de oare bestelt."
Brouwer, dy't yn it ferline wurksum wie as offisier fan justysje, neamt de situaasje yn Fryslân earnstich, mar wit ek dat der regio's binne dêr't de problemen noch folle grutter binne. "Doarpen en wenweinkampen yn Noard-Brabân bygelyks. Dy binne beïere fan kriminaliteit. Sa slim as it dêr is, moat it hjir noait wurde."

Kaken opinoar

Janneke Bakker seit dat de drugskriminaliteit yn Fryslân ûnderminend is en fersteurend foar de maatskippij. "Het is de betonrot van de samenleving."
Om de kriminelen op de radar te krijen, docht de plysje graach in berop op omwenners. Lykwols, as sy al besef hawwe fan de aktiviteiten, dan hâlde se meastal de kaken opinoar. Ut eangst foar represailles. Of omdat se tinke dat in melding dwaan dochs gjin ferskil makket, fertelt Bakker. "Toch kan een ogenschijnlijk detail van doorslaggevend belang zijn."
Drugslab yn in pleats
Drugslab yn in pleats © ANP
De plysje sjocht oft der op buorkerijen "ongebruikelijke bewegingen" binne. It hinne en wer slepen fan bepaald guod, kin soks wêze. "Denk aan blauwe vaten voor het maken van bijvoorbeeld xtc. En lampen die ze gebruiken bij hennepteelt. Daarnaast is er altijd sprake van routine. Als daarvan wordt afgeweken, dan valt dat op."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne snein iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Bakker, Brouwer, Agricola en De Bruin binne it deroer iens dat te faak noch tocht wurdt dat kriminaliteit in saak is foar plysje en justysje. Dat is te simpel tocht, sizze se. Alle fjouwer miene dat de oerheid likefolle in wichtige taak hat yn de oanpak fan it probleem. Dat betsjut dat ek gemeenten in rol spylje moatte.

Tekoart oan wykplysje

Brouwer wiist op it belang fan wykaginten, dy't harren eagen en earen op strjitte hawwe. De boargemaster is de kommende jierren benaud foar in tekoart oan sokke aginten. "De kommende jierren geane der minsken mei pensjoen. Je moatte mar sjen wa't it gat opfolje sil. Boppedat is it tsjintwurdich net fanselssprekkend dat plysjeminsken in lange tiid bliuwe. Faak geane se nei sa'n sân jier alwer fuort."
Agricola baalt der benammen fan dat plysjes út gemeenten helle wurde, sadat se op oare plakken oan it wurk set wurde kinne. "Dan moatte se nei in demonstraasje yn Den Haag, of geane se nei Ter Apel."
Faker drugslabs yn Fryslân
Dat moat fuortendaliks ophâlde, mient er. Mei de gemeenten Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel liedt hy as boargemaster fan Dantumadiel de needklok. "Wy hawwe as trijehoeke in brief stjoerd nei de oerheid, want sa reitsje wy ús wykaginten kwyt. Mei alle gefolgen dy't dat hat. "

Efter it doarpshûs

In oar eksimplarysk fragmint út de podcast 'Penoza in de provincie' spilet him ôf yn Kollumersweach. Hjiryn fertelt in man út it doarp: "Moarns betiid, as it noch tsjuster is, komme der achter it doarpshûs auto's oanriden. Je witte dat der dan deald wurdt."
Op De Gordyk op De Stokerij waard yn 2022 in himpkwekerij oprôle
Op De Gordyk op De Stokerij waard yn 2022 in himpkwekerij oprôle © Politie Basisteam Oost-Fryslân
Neist it dealen en produsearjen fan drugs, is it brûken dêrfan ek stevich. Sa waard der koartlyn yn it rioelwetter fan Ljouwert relatyf mear softdrugsôffal fûn as yn Amsterdam. Dúdlik waard dat se yn Ljouwert de 1.000 ynwenners alle wiken sa'n 3.662 miligram THC (de wurksume stof yn hasj en himp) konsumearje. Dat komt del op 21 gram himp. Kwa kokaïnegebrûk leit Ljouwert op itselde nivo as de haadstêd.
Omdat der in soad fraach is, groeit it oanbod. "Dêrom besykje we der in nivo boppe te sitten. Dat betsjut in barriêre foar de produksje opsmite", seit plysjefunksjonaris Bakker. "Want je kinne net ynsette op al dy strjitdealers."
Als de belangen groot zijn en er zoveel wordt verdiend, kun je het niet bestrijden.
Janneke Bakker, sektorhaad Plysje Fryslân
Tagelyk wurdt de plysje der hast mismoedich fan: is de iene drugsbinde oprôle, dan stean tsien nije alwer klear. "Wanneer de belangen groot zijn en er zoveel wordt verdiend, kun je het eigenlijk niet bestrijden", seit Bakker. Dochs sil de plysje net achteroer hingje. "Alleen al vanwege de gezondheidsrisico's die de drugs met zich meebrengen."
De fraach om drugshannel te legalisearjen komt dan ek al gau op tafel. Brouwer is tsjin. Alteast, wat harddrugs oanbelanget. "Softdrugs is minder skealik as alkohol. Mar speed en xtc, dat is in oar ferhaal. Spitigernôch binne beide goedkeaper as alkohol en kinne bern fan fjirtjin der sa oan komme. Of nim kokaïne, dat blaast dyn liif op. En je hearre dat se it tsjintwurdich somtiden sels sichtber brûke, ûnder de neisit by fuotbal."
Kokaïne op tafel
Coke snuve bart no sels yn kantines, seit Oebele Brouwer © Shutterstock.com (DedMityay)
Om it gebrûk werom te bringen, dogge âlden der neffens Agricola goed oan wach te bliuwen. "Wês alert op de sinjalen fan bern. Hoe sjogge se derút, falt dy wat op oan har gedrach, mei wa geane se om, en hoe kinne se ynienen dy djoere skuon en telefoan keapje? Op sokke mominten moat der echt in ljochtsje brâne gean."

Grau takomstbyld

De sombere konklúzje is dat de drugskriminaliteit ek yn Fryslân foarearst trochkankerje sil. Net yn it lêste plak om't boargers foarearst leaver fuortsjogge as dat se ynformearje oer tsjustere aktiviteiten yn harren direkte omjouwing, seit De Bruin.
"Dat kaam ek nei foaren by ús ynterviews. Wy hawwe de iene nei de oare ûndermynamtner foar de mikrofoan hân. En allegear sizze se dat se folslein ôfhinklik binne fan meldingen fan boargers."