Omrop Fryslân

Man út Drachten besiket hasj PI binnen te smokkeljen foar soan en wachtet taakstraf

De Marwei yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Een man (45) út Drachten dy't ein maaie ferline jier besocht twa boltsjes hasj by PI de Marwei yn Ljouwert nei binnen te smokkeljen, krijt tweintich oeren taakstraf. Dêrneist ferlear hy hjirtroch syn baan as befeiliger.
Op de sitting fan de plysjerjochter sei er dat de boltsjes hasj foar syn soan wiene, doe 18 jier, en op dat stuit yn de Marwei siet. "Hij heeft ADHD", lei de man út. Hy liet de boltsjes yn de besykseal op tafel falle en dat seagen de beweitsers.
De offisier fan justysje spruts fan "een ernstig feit" en easke in wurkstraf fan 28 oeren. De rjochter makke der 20 oeren fan. "Ik moat no op de blierren sitte", sei de Drachtster.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.