Liveblog | 7 desimber 2024

Ekstra kontrôles op Waadeilannen | Boargemaster warskôget foar drugskriminelen

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 7 desimber 2024, 21:38
21:38

Stekynsidint yn wenning yn Ljouwert

By in stekynsidint yn in wenning yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke, Dat meldt de plysje. It slachtoffer is behannele troch minsken fan de ambulânse.
17:02

Boargemaster warskôget foar drugskriminelen

Drugs oanspield op Fryske strannen
Boargemaster Michiel Schrier fan Flylân warskôget minsken foar drugskriminelen. Wa't in pakket fynt, moat dat beslist net mei nei hûs nimme, seit Schrier.
"Wat er soms ook gebeurt, is dat ze een zendertje in die drugspakketten stoppen, en als je dan zo'n pakket mee naar huis neemt, kun je heel veel problemen krijgen met de mensen die zo'n pakket willen hebben."
15:30

Plysje ûndersiket konneksje mei oare drugsfynsten

Earder dizze wike spielden al pakketten mei drugs oan op de strannen fan Dútske Waadeilannen. Ferline moanne gebeurde itselde by Scheveningen, en oan de kust by Ouddorp, Rockanje en Oostvoorne.
De plysje ûndersiket oft dizze saken mei mekoar te krijen ha. In protte wol de wurdfierder dêr net oer kwyt, "in het belang van het onderzoek".
15:08

Ekstra kontrôles op Waadeilannen

De plysje op Skylge
© Omrop Frysân, Lennard Geerts
De plysje hâldt ekstra kontrôles op de strannen fan de Waadeilannen. Dat seit boargemaster Michiel Schrier fan Flylân.
"Je wilt niet dat de verkeerde mensen dit vinden. Of kinderen. Dat kan gevaarlijk zijn. Maar we weten nog niet wat erin zit, dat moet nog onderzocht worden. Daarna worden de pakketten vernietigd."
It is ek noch net dúdlik hoe't it de pakketten op it strân telâne kaam binne. De boargemaster wiist wol op it waar fan de ôfrûne wike. "We hebben hier een enorme storm gehad, en de wind kwam uit het Noorden. Die was dus aanlandig."
14:51

Mooglik pakketten mei drugs fûn op Waadeilannen

Op de strannen fan Flylân en It Amelân binne meardere pakketten fûn mei dêryn mooglik drugs. Dat meldt de plysje.
12:53

De treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp ride wer

It spoar tusken Hurdegaryp en Ljouwert is wer iepen. De tsjinstregeling wurdt wer opstart.