Omrop Fryslân

Stekynsidint yn wenning yn Ljouwert, ien persoan oanholden

In plysjewein
© Shutterstock.com (VanderWolf Images)
By in stekynsidint yn in wenning yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke, Dat meldt de plysje.
It slachtoffer is behannele troch minsken fan de ambulânse. It stekynsidint wie jûns om healwei achten hinne oan de Doniastrjitte.
De earste melding wie fan in ferwûne persoan oan de Skrâns. Dat is in pear hûndert meter fierderop.
De plysje hat ien persoan oanholden. It is noch net dúdlik wat der krekt bart is yn de wenning, of wat der foarôf gie oan it ynsidint. Dêr docht de plysje ûndersyk nei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.