Liveblog | 6 desimber 2024

Persoan ferwûne nei botsing by Surch | Soad skea by botsing yn Makkum

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 6 desimber 2024, 19:52
19:52

Persoan ferwûne nei botsing by Surch

Dizze auto is bot skansearre
© BTBmedia
By in botsing op de N31 by Surch is in persoan ferwûne rekke.
Troch ûnbekende oarsaak botsten twa auto's efterop inoar. De auto's rekken dêrby bot skansearre.
19:10

Soad skea by botsing yn Makkum

Ien fan de belutsen auto's
© BTBmedia
Op de Suderseewei by Makkum hat in botsing west wêrby't twa auto's belutsen wiene. Dêrnei is ien fan de auto's tsjin in lantearnepeal oanriden.
Net ien rekke ferwûne by it ûngelok.
14:18

Bestelbus útbrând yn Sanhuzen

Bestelbus útbrând yn Sanhuzen
© BTB Media
In bestelbus is freedtemiddei ferlern gien by it in brân oan de Zandhuizerweg. De bestelbus stie op it hiem by in wenning.
It fjoer wie rap ûnder kontrôle, dochs is de bus flink skansearre rekke. In gasflesse dy't noch yn de laadromte lei koe noch op 'e tiid út de bus helle wurde.
Mooglik hie de gasflesse lekt en ûnstie de brân by it brûken fan in fjoeroanstekker. In persoan yn de bus hat lichte brânwûnen krigen yn it gesicht, mar hoegde net nei it sikehûs.
13:45

Bisten op de flecht foar it hege wetter

Op de flecht foar it hege wetter
© Kappers Media
In oantal bisten waard hjoed ferrast troch it hege wetter yn de kwelder fan Holwert. It giet ûnder mear om mûzen en hazzen.
Meardere fûgels sjogge de situaasje as in bûtengewoan goede kâns om ferswakke mûzen te pakken.
12:03

Koade giel ynlutsen

Koade giel foar hurde wyn is net mear fan krêft yn Fryslân. It KNMI hie de warskôging ôfjûn, mar yntusken waait it net mear tige hurd yn de provinsje. Ek yn it Waadgebiet is koade giel ynlutsen.
11:51

Brêgen en slûzen net betsjinne

Fanwegen de hurde wyn gean de gemeentlike brêgen yn de gemeente Ljouwert foarearst net omheech. Ek de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns wurde net betsjinne.