Fiif gemeenten hâlde op mei soarchfersekering foar minsken mei in smelle beurs
Fiif Fryske gemeenten hâlde op mei de fersekering AV Frieso, foar minsken mei in smelle beurs. It soarget foar noch mear ûngelikens tusken gemeenten mei harren minimaregelingen.
Fan 1 jannewaris ôf kinne fiiftûzen minsken mei in smelle beurs har net mear oanfoljend fersekerje by harren gemeente.Henk Bosma út Frjentsjer is ien fan de minsken dy't fia gemeente Waadhoeke fersekere wie.
"Het zal financieel nog wat meer puzzelen worden met een beperkt inkomen en geen mogelijkheid om bijvoorbeeld uren uit te breiden in verband met gezondheid."
Ophâlden regeling
Neist de gemeente Waadhoeke hâlde ek gemeente Hearrenfean, Harns, Flylân en Skylge yn 2025 op mei dizze regeling. Waadhoeke jout oan dat se ûndersocht ha hoe't de oanfoljende fersekering brûkt waard.
"Wy wolle der graach nei ta dat eltse ynwenner in soarchfersekering op maat hat", seit wethâlder Marja van der Meer. "Wy fernimme dat de hjoeddeiske AV Frieso-polis in hiel djoere polis is."
De gemeente fernimt ek dat de dekking fan de AV Frieso foar in soad fersekerden te breed is. Dus betelje minsken te folle foar wat se brûke.
Oare fersekeringen binne regelmjittich goedkeaper.
"Somtiden hawwe fersekerden dy dekking hielendal net nedich. Dus wolle wy de ynwenners helpe om in soarchfersekering ôf te sluten dy't echt by de persoanlike situaasje past."
Oare fersekering
De wethâlder seit dat út ûndersyk bliken docht dat sa'n ien tredde fan de doelgroep gebrûk makket fan de AV Frieso.
"Sa'n twa tredde dus net. Dy hawwe sels al de kar makke om in fersekering te nimmen dy't by harren past. En dy't regelmjittich ek goedkeaper is."
Soarchfersekerder De Friesland lit witte dat de soarchôfname fan fersekerden mei de AV Frieso oer hiel Fryslân heech is.
"Dat betekent dat veel van deze verzekerden de extra dekking van een AV Frieso goed kunnen gebruiken en daar vaak ook bewust voor kiezen", aldus de soarchfersekerder.
Jild besparje?
Bosma betwivelet oft dizze kar jild besparje sil ûnder de streek. "Ik blijf me afvragen of het argument 'te duur' werkelijk opgaat, als je bedenkt wat het ontbreken van korting met zich mee gaat brengen aan zorgmijding. Maatschappelijke kosten konden wel eens toenemen door afschaffing."
Ek De Friesland hat hjirfoar warskôge. "Als de financiële steun van de gemeenten wegvalt, kan het zijn dat mensen kiezen voor een minder goede dekking en daarmee risico lopen zelf meer kosten te krijgen als er zorg nodig is. Of dat ze zorg gaan mijden, terwijl die wel nodig is."
"Fansels binne der wol minsken dy't de AV Frieso nedich hawwe foar harren persoanlike situaasje", reagearret Van der Meer. "Mar de AV Frieso wie wol hiel kompleet. Der is gewoan in groep minsken dy't goedkeaper út wêze kin."
Ferskil per gemeente
Neist it gefaar fan it mijen fan soarch spilet ek ûngelikens yn regelingen de gemeente mei. Ut in nij ûndersyk fan Planbureau Frysân docht bliken dat in húshâlding mei twa bern dy't finansjele help wol fan de gemeente, better yn De Fryske Marren wenje kin as yn Weststellingwerf. Ferskillen yn fergoedingen kinne oprinne oant 1.800 euro yn it jier.
In Sexbierum kon ik van dit fonds ook lid worden van de biljartclub.
Bosma hat hjir ek mei te krijen hân. Doe't er út Harns wei ferhuze nei Seisbierrum koe er yniens mear help krije fan de gemeente.
"Ik maakte gebruik van het participatiefonds", fertelt er. "In Harlingen kon ik daarmee een krantenabonnement of een internetaansluiting betalen, maar in Sexbierum kon ik van dit fonds ook lid worden van de biljartclub."
Skamte
Earmoed bliuwt in ûnderwerp dêr't minsken in soad skamte by fiele. Je moatte je deroerhinne sette, seit Henk. "Het is een vorm van bedelen en voelt niet prettig. Je stelt je afhankelijk op. Ik kon echt niet anders."
Je moet zelf weer om hulp gaan roepen.
Dus is Bosma net te sprekken oer hoe't de gemeente minsken fierder helpt no't de AV Frieso ophâldt. "Ze willen helpen, maar sturen een brief waarin ze verwijzen naar poliswijzer.nl, dat is een vergelijkingssite."
Foar in soad minsken is it dreech om tusken al dy fersekeringen it juste pakket te kiezen. "Dus zoek het verder maar uit", seit Bosma. "Ze geven aan dat je wel contact kunt zoeken, maar dat is niet het eerste wat ze aanbieden. Er is een reddingsboei, maar dan moet je zelf weer om hulp gaan roepen."
De gemeente begrypt dat sa'n side dreech wêze kin. Mar seit mei klam dat se minsken net oan harren lot oer litte, seit Van der Meer.
"Yn novimber hawwe wy ynformaasjedagen foar ús ynwenners dy't oerstappe moatte fan AV Frieso nei in nije soarchfersekering. We sille dan goed mei de minsken sjen wat se nedich hawwe by in fersekering en wat wy foar de minsken betsjutte kinne. Ek foar de minsken dy't driigje tusken wâl en skip te fallen."