KAART: Sjoch hjir hoe't it yn dyn gemeente stiet mei de earmoed
De earmoed yn Nederlân is ôfrûne jier ôfnommen, sa docht bliken út in rapport dat it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS), it Sociaal Cultureel Planbureau (SCP) en Nibud, it Nationaal Instituut voor Budgetvoorlichting, dizze wike presintearren.
De resultaten wize út dat yn 2023 lânlik sjoen 540.000 minsken ûnder de earmoedgrins libben. Dat stiet gelyk oan in persintaazje fan 3,1%, wylst dat yn 2018 noch 7,1% wie. Dêr't de sifers dus omleech gean binne, is de earnst fan de earmoed lykwols wol tanaam.
De delgong is ûnder oare it gefolch fan hegere leanen, coronastipepakketten, legere wurkleasheid, enerzjymaatregelen en keapkrêftferheegjende maatregels, mar ek de ferheging fan it minimumlean yn 2023.
Nije mjitmetoade
De feroaring fan de sifers is ek it gefolch fan de nije metoade dy't brûkt is om de earmoed yn kaart te bringen. Yn stee fan dat der nei gemiddelden sjoen is, ha de ynstitúsjes no de werklike, yndividuele kosten meinaam dy't minsken kwyt binne oan wenjen en enerzjy. Ek is ûndersocht oft húshâldens al dan net in finansjele buffer ha om op werom te fallen.
Situaasje yn Fryslân
Ek de earmoedsifers de gemeente binne presintearre yn it rapport. Derút docht bliken dat wat Fryslân oanbelanget de gemeente Ljouwert (4,3%), Flylân (6,0%) en Skiermûnseach (5,5%) boppe it lanlike gemiddelde fan 3,1% lizze.
Bûten de sifers fan de Waadeilannen om, springt de gemeente Ljouwert yn it each. Yn ferliking mei oare noardlike gemeenten leit inkeld it sifer fan de gemeente Grins heger (5,3%).
Neffens wethâlder Hein Kuiken, dy't earmoed en skuldhelp yn syn portefúlje hat, leit it earmoedsifer al desennia heech yn Ljouwert. "Als gevolg daarvan zie je de zwakke sociale structuur ook wel in andere cijfers terug, bijvoorbeeld in de zorgconsumptie. Het ligt hier vaak allemaal net iets hoger dan in de rest van Nederland en Friesland."
"Op de directe bestaanszekerheid hebben wij als gemeente niet zoveel invloed", ferfolget Kuiken. "De echte inkomenspolitiek, dus de uitkeringen en minimumlonen, dat zijn allemaal zaken van het rijk."
Wol besiket de gemeente mei harren minimabelied derfoar te soargjen dat minsken minder negative gefolgen fan earmoed ûnderfine. Regelingen op it flak fan sport- en kultuerdielname en temjittekommingen by ûnfoarsjoene kosten moatte dêrby helpe.
"Verder proberen we er natuurlijk voor te zorgen dat het aantal mensen dat op en rond de armoedegrens leeft vermindert. Dat doen we door hen vanuit de bijstand aan het werk te helpen, door investeringen in het onderwijs te doen en door werkgelegenheid te creëren."