Omrop Fryslân

Kylie (35) libbet al jierren yn earmoed: "Een kiwi? Nu even geen geld voor"

Kylie
© Omrop Fryslân, Klaske Berger
Nije klean keapje, kofje drinke yn in kafee of simpelwei it deistige stikje fruit oanskaffe. It liket sa fanselssprekkend, mar foar guon is dat it net. Kylie (35) út Ljouwert kin dêroer meiprate.
Doe't se op har achttjinde it hûs út gie, begûn foar har de ellinde. Fan it jild dat se mei har bybaantsje fertsjinne, koe se net libje en sadwaande rekke se yn de skulden. Troch in skieding waard de situaasje slimmer en yntusken binne Kylie en har hjoeddeiske partner drok dwaande de reade sifers fuort te wurkjen.
"Je moet veel nee zeggen en je kunt veel dingen niet doen. Een vriendin van me, die in Den Helder woont, is bijvoorbeeld erg ziek. Ik kan daar niet zomaar naartoe en dat is gewoon heel vervelend en frustrerend."

Dei tsjin earmoed

17 oktober is it de ynternasjonale dei tsjin earmoed. Ferskate organisaasjes jouwe oandacht oan it tema om op dy wize earmoed sichtberder te meitsjen en oan te pakken. Neffens it CBS, it Nibud en it Sociaal en Cultureel Planbureau libje op it stuit 540.000 minsken yn Nederlân yn earmoed. In pear jier lyn lei dat oantal noch op 820.000.
De delgong is mei te tankjen oan in nije definysje fan earmoed dy't opsteld is troch boppeneamde trije ynstânsjes. Yn de nije berekkening wurdt better sjoen nei it jild dat minsken beskikber ha om fan te libjen. Minsken dy't nettsjinsteande in leech ynkommen noch wol genôch jild ha om rûn te kommen, wurde net meiteld as earm.
It is in skrinend foarbyld dat sjen lit wat foar ynfloed de krappe beurs hat op it libben van Kylie. Se besiket it allegear sa goed mooglik te regeljen foar har húshalding, mar dat is bytiden dreech, fertelt se.
Sa moat se har fjouwer bern geregeld 'nee' ferkeapje. "Laatst in de supermarkt vroeg mijn dochter om een kiwi. Toen moest ik in haar oor fluisteren: 'Dat kan niet, daar hebben we nu even geen geld voor.'"
It is in lestich, mar wol needsaaklik antwurd. Al hielendal mei de hege prizen fan no is al it jild nedich om yn elts gefal de basisútjeften dwaan te kinnen.

Feestdagenstress

Wat dat oangiet, stiet der ynkoarten in lestige perioade foar de doar. Dêr't de feestdagen foar guon it ideale momint binne om ris flink út te pakken, jout it Kylie just finansjele stress.
"We hebben het dit jaar heel lastig gehad, ook vanwege ziektekosten. Waar we vorig jaar nog wat opzij konden zetten, lukte dat nu niet."
Als je weinig geld hebt, word je wel heel creatief.
Kylie
De fraach hoe't se it allegear dwaan moatte, sjit dan ek geregeld troch de holle. Dochs hat se har oplossingen wol klearlizzen. "Want", seit se, "als je weinig geld hebt, dan word je wel heel creatief."
Sa fertelt se dat har dochter fan alve lêsten op 'e skoalfoto moast. Dat der gjin jild wie foar in nije outfit, betekene net dat der gjin nije klean 'oanskaft' wurde koene.
Foar de gelegenheid tovere Kylie har eigen garderôbe om ta 'winkel' en har dochter, dy't ûngefear like grut is, mocht har hielendal útlibje. "Zo had ze toch iets nieuws, maar ook weer niet. Ze vond het gelukkig hartstikke leuk."

Tegearre op 'en paad

Wat de sinteklaas- en krystkado's oanbelanget, sil Kylie benammen op syk nei twaddehânsk guod. Dat docht se net allinnich, mar mei har dochters, dy't yntusken net mear yn de Sinteklaas leauwe.
"Sinds vorig jaar betrek ik hen heel erg bij het organisatieproces. We gaan samen op pad om cadeautjes te halen en zo maken we er toch een feestje van."
Kylie
© Omrop Fryslân, Klaske Berger
Hoewol't se it binnen de húshâlding dus goed oplosse, ûntkent Kylie net dat it sinteklaasfeest by de bern op skoalle ek wolris ûngemaklike situaasjes opsmyt. It is by útstek in perioade wêryn't de ferskillen tusken ferskate thússituaasjes op pynlike wize sichtber wurde.
"Als mijn dochters zien dat een ander meer krijgt, begrijpen zij inmiddels wel dat dat bij ons thuis even niet lukt. Toch denk ik dat ze er natuurlijk weleens naar verlangen."
It is in dreech besef foar Kylie. It wolwêzen fan har bern stiet altyd foarop en de soargen dy't sy en har partner fiele, besiket se hoe dan ek by de bern fuort te hâlden.
"Hoewel ik denk dat al m'n kinderen heel gelukkig zijn en ik echt probeer te kijken naar wat we wel hebben, is de situatie natuurlijk ook gewoon verdrietig. Ik wil m'n kinderen alles kunnen geven."

PAS Fryslân

Platform Armoede en Schulden, oftewol PAS Fryslân, set him yn foar minsken dy't yn earmoed libje. Dat docht de stichting ûnder oare troch advys te jaan, eveneminten te organisearjen en boadskippen te bringen by minsken mei in krappe beurs.
Om har soargen even ferjitte te kinnen, sport Kylie in soad. Net by in djoere sportskoalle, mar fergees yn 'e bûtenloft. "Op die manier kan ik mijn stress kwijt en zie ik weer perspectief. Ik denk dat als ik die uitlaatklep niet had, het er allemaal wel wat zwarter uit zou zien."
Wat har ek krêft jout, is de stipe dy't se by PAS Fryslân krijt. Sels wurket se as frijwilliger foar de organisaasje en op dy wize helpt se lotgenoaten dy't yn in likense situaasje sitte.
Douwe Beimin (PAS Fryslân) en Kylie
© Omrop Fryslân, Klaske Berger
"Het is gewoon zo mooi om mensen een stem te geven in plaats van ze als een nummer te zien, zoals dat bij de gemeente vaak het geval is."
Want oer de rol fan dy ynstânsje is Kylie net bot te sprekken. "Er wordt vooral over mensen gepraat, in plaats van met mensen. Ik denk dat je gezamenlijk tot meer inzichten komt en dus ook tot een veel beter beleid."

Ferswije fan regelingen

Wat har ek stekt, is dat de gemeente har nea ferteld hat oer de finansjele regelingen dêr't se rjocht op hat. "Dat ik bijvoorbeeld aanspraak maak op de witgoedregeling, moest ik via PAS horen."
"De gemeente loopt liever niet met die subsidies te koop en dus moet je er zelf achteraan gaan. Gelukkig ben ik best wel gebekt en weet ik inmiddels waar ik aan moet kloppen, maar er zijn ook mensen die dat niet weten, laaggeletterd zijn of niet snel hun mond opentrekken. Zij lopen op die manier veel ondersteuning mis."
Kylie
© Omrop Fryslân, Klaske Berger
Nettsjinsteande alle soargen, giet Kylie de takomst posityf temjitte. "Het is moeilijk, maar toch redden we het. Daar maak ik me heel erg hard voor" fertelt se.
"Vraag me alleen niet hoe we het soms voor elkaar krijgen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.