Lotte (13) is slachtoffer fan de taslagge-affêre: "We koene net alles betelje"
Mear as 1.100 Fryske bern tusken de nul en fyftjin jier binne slachtoffer fan de taslagge-affêre. Troch jierrenlange finansjele problemen en ûnwissichheid, groeiden dizze bern faak op yn stressfolle omstannichheden.
De 13-jierrige Lotte út Garyp is ek opgroeid yn in troffen húshâlding. Der wie gjin jild foar fakânsjes of bernefeestjes. Lotte hie klean oan dêr't har sus útgroeid wie. En ek al wie se te lyts om te begripen wat der barde, se fernaam wol ferskillen mei oare bern.
Lotte is 13 jier âld en slachtoffer fan de taslagge-affêre
"As ik by in freondintsje te boartsjen wie, dan hie se in hiele moaie keamer, mei unicorns en knuffels en sa. Dan wie ik wol jaloersk. Ik tocht: dat wol ik eins ek wol", sa seit se. Lotte slepte sels op in steapelbêd dy't kreake, mar jild foar in oar bêd wie der net.
Yn totaal binne 4.170 minsken yn Fryslân slachtoffer fan de taslagge-affêre. Hoewol't de oerheid maatregels ynsteld hat en troffen húshâldingen werombetelje sil, hawwe lang net alle âlden har jild ûntfongen.
It proses ferrint stadich troch bestjoerlike obstakels en flaters. It bliuwt in grut pinepunt dat in groep âlden en bern noch altyd wachtet op de taseine kompensaasje en dúdlikheid.
De problemen yn de húshâlding fan Lotte waarden hieltyd grutter. Se drigen it hûs út te moatten en Lotte har mem hie hast gjin jild mear om de auto fan te tanken. Mei it lêste bytsje benzine hopen Lotte en har mem it hûs te heljen, mar dat giet op de dyk mis.
"Middenyn it spitsoere gie de auto hielendal út", fertelt Lotte. Yn it drokke ferkear stiene se op de dyk stil. Lotte wit noch dat se it hiel spannend fûn dat de plysje kaam. De auto waard fuortsleept nei in tankstasjon en mei de lêste tsien euro wisten Lotte en har mem úteinlik thús te kommen.
Prate oer de problemen docht Lotte net folle, mar oan ien freondinne hat se wol wat yn fertrouwen ferteld. "Dat we net alles betelje koene". De freondinne fûn dat 'zielig' foar har, seit Lotte.
Sels fynt Lotte it ek wol begrutlik. "Mar benammen foar mem, want ik hie der net folle lêst fan. Dan bin ik wol grutsk op myn mem dat se it allegear regele hat".
Wet Kinderopvang
De Wet Kinderopvang is tweintich jier lyn ynfierd om de kwaliteit en betelberens fan berne-opfang te garandearjen. De wet regele dat âlden, wurkjouwers en de oerheid meibetelje oan de kosten fan de berne-opfang, sadat wurk en soarch better kombinearre wurde kinne.
De wet is sûnt de ynfiering ferskate kearen oanpast, wêrtroch't de wet komplekser waard en flaters yn it belied lieden ta de taslagge-affêre: tûzenen âlden binne ûnterjochte beskuldige fan fraude en moasten grutte bedragen werombetelje. Dit brocht in soad húshâldens yn grutte finansjele problemen.
Hûnderten bern binne út hûs pleatst fanwege de finansjele en emosjonele stress fan harren âlders. Dizze yngripende maatregels soargen foar skiedingen fan húshâldingen, mei in bliuwende ympakt op it wolwêzen en de stabiliteit fan in soad bern.
Op har keamer lit Lotte grutsk sjen dat se no twa pear merkskuon hat. It giet no wat better mei de húshâlding. Lotte hat al in pear kear mei har mem en sus Eva op fakânsje west, nei Gran Canaria en Kreta.
Lotte en har mem hoopje mei harren ferhaal dat mear jonge slachtoffers fan de taslagge-affêre harren melde by de gemeente. Sy kinne dêr stipe en help krije.