Omrop Fryslân

Boer fan Sint Jabik ûnbedoeld belutsen by oplichtingssaak: "Ik stjoer it hiele Eastblok op jim ôf"

Boer Jos op syn trekker dy't net te keap is
© eigen foto
Melkfeehâlder Jos Faassen fan Sint Jabik is ûnbedoeld it middelpunt wurden fan in grutskalige oplichtingssaak. In man út Utrecht brûkte de bedriuwsgegevens fan Faassen om fia Facebook trekkers oan te bieden dy't hielendal net bestiene.
Meardere slachtoffers tochten dat se suver om 'e nocht in nije trekker fûn hiene. Se diene oanbetellingen en reizgen hûnderten kilometers nei Fryslân om de trekkers op te heljen.

Slachtoffers út it hiele lân

Op it hiem fan Faassen ûntdutsen se dat se oplichte wiene. "It is wol sneu foar dy minsken. Se hiene it frij gau troch doe't se hjir oankamen", seit Faassen. "Der kaam op in gegeven momint sels in frachtwein oanriden mei minsken út Poalen, dy't amper Ingelsk praten. Se hiene in frachtwein regele om de trekker op te heljen."
Ien fan de slachtoffers, in man út Limboarch, hie in oanbetelling fan 650 euro dien foar in trekker dy't er foar syn neef yn Tsjechië keapje woe. "Hy woe de trekker nochris goed besjen foardat er him meinimme soe, mar der wie fansels neat", seit Faassen.
Yn totaal kamen der op syn minst fiif oant seis ferskillende minsken nei de pleats fan Faassen.

Drigeminten

Neffens Faassen wiene der ek keapers dy't betinkingen hienen: "Ast goed seachst nei it profyl, dan seachst al dat it nep wie."
Ik ha him in pear kear belle. Earst wist er fan neat, mar letter bekende er.
Melkfeehâlder Jos Faassen oer de oplichter
De Fryske boer efterhelle it nûmer fan de oplichter en naam kontakt op: "Ik ha him in pear kear belle. Earst wist er fan neat, mar letter bekende er. Hy drige sels: 'Ik stjoer it hiele Eastblok op jim ôf en pleats noch folle mear advertinsjes.' Mar in pear dagen letter naam er de telefoan net mear op. Doe waard it stil. Hy wie oppakt."

Rjochtsaak

De fertochte, in 30-jierrige man út Utrecht mei de inisjalen A.B., is in bekende fan de plysje. It Iepenbier Ministearje easke twa jier en fjouwer moanne selstraf tsjin him foar oplichting.
A.B. hat in flink strafblêd en wie earder feroardiele foar fergelykbere saken. De man siet noch yn syn proeftiid nei in eardere feroardieling foar oplichting, mar dat wjerhold him der net fan om opnij slachtoffers te meitsjen.
Faassen is ferromme dat de saak lang om let ta in ein komt, mar fielt ek begrutsjen foar de dupearden. "Dy man út Limboarch, hy hat nea wer wat fernaam fan syn jild", seit Faassen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.