Omrop Fryslân

Frustraasje by plysje om 'nepkollega's'; hieltyd mear meldingen fan âlderein

Dizze plysjefrou krijt in nij unifoarm oanmetten
© ANP
In frou fan goed 90 jier dy't al har sieraden kwyt is. Ophelle troch de plysje. Dat tocht it se, want dat hiene se sein: dat it nedich wie foar ûndersyk. Mar de plysjes wiene net echt.
De lêste tiid komt it hieltyd faker foar dat sabeare aginten benammen âldere minsken belje. Se stelle dan dat de sierraden yn hûs ûnderdiel binne fan in ûndersyk en dat se lânskomme om se op te heljen.
De echte plysje komt no mei warskôgingen en jout foarljochting yn fersoargingstehuzen, mei as doel sokke oplichterij foar te kommen. Ien fan de tips: let op it unifoarm.
Wykagint Patrick Bottinga jout foarljochting oan bewenners fan soarchsintrum Talma Hiem yn Balk
© Omrop Fryslân
Wykplysje Patrick Bottinga hat it ferhaal fan de 90-jierrige frou dúdlik foar eagen. De skea is grut, seit er.
"Het gaat dan niet om de geldelijke waarde, maar om de emotionele. Er zaten zegelringen bij van haar al overleden man. Die is ze definitief kwijt."
We zien dat oudere mensen bewust worden opgezocht.
Plysjeman Patrick Bottinga
Bottinga wurket yn it gebiet Gaasterlân-Sleat. Hy jout dêr ek foarljochting oan âlderein. Yn soarchsintrum Talma Hiem yn Balk kriget er de tafel wer fol en leit er út wêr't minsken op lette moatte.
"Bankmedewerkers vragen nooit om een pincode. En als je staat te pinnen en hebt het idee dat iemand meekijkt: stop."
Dêr komt no ek de warskôging foar nepplysjes by. Ein maaie en begjin juny kamen dêr de earste meldingen fan binnen. "We zien dat oudere mensen, 60+, bewust worden opgezocht. Dat vinden we erg zorgelijk."

Rappe hannelswize

It ferhaal dêr't de oplichters mei komme, is raffinearre. De hannelswize rap. Ien groep sloech earst op De Jouwer al ta, en nei alle gedachten letter ek yn Snits.
By syn ferhaal moat Bottinga wol útlizze dat de plysje sels ek belje kin. Dus as minsken belle wurde, is dat net altyd troch nepplysjes.
De echte plysjes binne maklik te ûnderskieden fan de 'neppers', seit Bottinga. Hy doelt dan op it unifoarm en de riem dy't se om ha, mei in fjoerwapen, hânboeien en pepperspray.
"Daarnaast moeten wij ons altijd kunnen identificeren als agent. Op onze politiekaart staat een herkenbare foto en een dienstnummer. Ook staat er vaak een herkenbare politieauto voor de deur."
Wykplysje Patrick Bottinga
© Omrop Fryslân
De frustraasje by de plysjes sit heech. Se ha lêst fan de nepkollega's as se bygelyks buertûndersyk dogge.
"Laatst hier in Balk", seit Bottinga. "Ik was volledig in uniform, met een herkenbare politieauto en pasje. En toch was een man die ik aansprak sceptisch. Ik wil mij vertrouwd voelen."
It is dreech om soksoarte fan oplichters te pakken, mar sa no en dan slagget it. "Dat zijn momenten waar we toch even bij stilstaan", seit Bottinga.
Te triest voor woorden.
Plysjeman Patrick Bottinga
Oan de oare kant wit er ek dat de dieders nei in koart foararrest wer op strjitte komme, oant de rjochtssitting. De kâns is grut dat se dan fierder geane mei de oplichting.
En de bút wurdt net gau weromfûn. De measte sierraden wurde omraand en ferkocht. Bottinga kin it mar op ien wize ferwurdzje: "Te triest voor woorden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.