Omrop Fryslân

Mear fraude troch 'nepplysjes' yn unifoarm, pyk yn Noard-Nederlân

In plysje-unifoarm
© Omrop Fryslân
Minsken dy't harren foardogge as plysjes: dêr sjocht de plysje hieltyd mear fan. Mei in ferlechje slagget it dy nepplysjes om jild en oar guod fan minsken te stellen. Op it stuit is der yn hiel Noard-Nederlân in pyk yn fraudegefallen.
De plysje Noard-Nederlân krige moandei wer ferskate meldingen fan oplichting, út ûnder oare Grinslân en Drinte, en yn Fryslân út Wolvegea wei. "De afgelopen weken zijn in heel Noord-Nederland soortgelijke meldingen geweest", skriuwt de plysje.

Nepynformaasje

It giet om oplichters dy't slachtoffers opbelje mei in smoes. Se dogge harren foar as in meiwurker fan de plysje en hâlde foar dat se bepaalde ynformaasje hawwe.
It slachtoffer wurdt wiis makke dat kriminelen it op harren besittingen fersjoen hawwe. Mar, en dat is de trúk, de plysje soe sabeare in klús hawwe. It guod soe oerlange wurde moatte oan in plysjemeiwurker, sa't der neat mei gebeurt.
Oplichters binne út op weardefol guod
© Shutterstock.com
By it opheljen fan it guod by it slachtoffer soene de nepplysjes folslein yn unifoarm komme, om betrouber oer te kommen.

Warskôging

De plysje warskôget foar dizze praktiken. "Meerdere slachtoffers zijn waardevolle spullen zoals sieraden en contant spaargeld kwijtgeraakt."
Wat de oplichters dogge, is net de wurkwize fan de plysje. "Een agent zal u nooit vragen om waardevolle spullen of geld af te staan om deze 'veilig te stellen'. Wordt u dit gevraagd door iemand in uniform? Vraag de persoon om zijn politie-identificatie."
As in plysje gjin identiteitsbewiis mei in plysjehologram sjen litte kin, wurdt oanret om 112 te beljen. Dat mei neffens de plysje, omdat it dan om in "heterdaadsituatie" giet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.