Yn spesjale plysjetruck krije Fryske learlingen les oer online gefaren

Digitaal wykagint André Laven jout les yn de plysjetruck
Digitaal wykagint André Laven jout les yn de plysjetruck © Omrop Fryslân
Cyberpesten, sexting of oplichting. Troch it ynternet kin jongerein hieltyd faker en rapper yn oanrekking komme mei kriminaliteit. Yn in spesjale plysjetruck wurdt dêr troch it hiele lân foarljochting oer jûn.
Learlingen fan it Marne College yn Boalsert krigen tiisdeitemoarn les yn it 'mobile media lab' fan de plysje. Digitaal wykagint André Laven joech benammen in ynsjoch yn de digitale gefaren fan hjoed-de-dei.

"Snel verkeerde dingen doen"

"De jeugd beseft niet dat ze al heel snel verkeerde dingen doen", seit Laven.
"Het is tegenwoordig namelijk te makkelijk. Dat begint al met cyberpesten. Het klinkt heel klein, maar het kan steeds groter gaan. Het is wel de eerste stap om ook ergere dingen online te gaan doen. De lijn tussen wat mag en wat niet mag, is dun."
Yn in spesjale plysjetruck wurdt foarljochting jûn tsjin online kriminaliteit
Sa hiel faak komt de plysjetruck net yn Fryslân. Foar it kommende healjier sit de planning fan de truck hielendal fol. Dochs is it ôfdielingslieder Wiebren Minnema slagge om it 'mobile media lab' nei Boalsert te krijen.
"Dat is op ús inisjatyf bard", fertelt Minnema. "It is goed dat learlingen har dêr bewust fan wurde. Fansels wurde der hjir op skoalle wolris foto's dield, of filmkes. It cyberpesten, dus fia WhatsApp elkoar peste, dat gebeurt gewoan."

"Hoe criminelen te werk gaan"

De treddeklassers fan it Marne College krije yn groepkes les yn de bus. Guon fan har ha wol wat opstutsen fan de lessen. "Dat je bank wordt gehackt en zo", sa fertelt Sjoerd, dy't moandei al les fan de digitale wykagint hân hat.
Learling Silvan moast wol efkes skrikke doe't hy hearde oer guon foarbylden. "Hoe criminelen te werk gaan met kinderen of volwassenen. En online dingen, hoe ze achter jouw bankrekeningnummer en zo kunnen komen."
It 'mobile media lab' fan de plysje foar de skoalle
It 'mobile media lab' fan de plysje foar de skoalle © Omrop Fryslân
Tink goed nei en wês wach: dat wie de wichtichste les foar de learlingen tiisdeitemoarn. "Je plantsje in siedsje en letter tinke se der dan nochris oan werom", neffens Wiebren Minnema.
"Dat se úteinlik tinke: dit moat ik miskien dochs net dwaan. Of as der wol wat is, dan kin ik hjirmei nei myn dosint ta. Of sels nei de plysje, as der wat spilet."

"Digitale weerbaarheid"

De kommende jierren bliuwt it saak om yn te setten op 'digitale weerbaarheid', fynt André Laven fan de plysje.
"De ontwikkeling gaat heel snel. Twee jaar geleden was het WhatsApp-fraude, nu is het bankhelpdeskfraude. Volgend jaar is het weer iets anders. Wij willen iedereen in de samenleving hierin meenemen om ze voor dit soort zaken te behoeden."