Mei swithantsjes de gymseal yn: eineksamens wer sûnder kompensaasje
De sintrale eineksamens sette tongersdei foar in grut part fan it fuortset ûnderwiis útein. Dit jier binne dy eksamens wer 'gewoan', sûnder beheiningen of kompensaasje fanwegen corona.
Learlingen fan it vmbo basis en kader begûnen dêr in moanne lyn al mei, no komme dêr de learlingen fan it vmbo theoretyske en mingde learwei, de havo en it vwo by.
Havo-learlingen krigen tiisdeitemoarn it eksamen filosofy. De vwo-learlingen krigen it eksamen Dútsk foar de noas. In drokke perioade, seit Ilse. Sy is learlinge op it Marne College yn Boalsert.
Spannend
"Ik fyn it wol spannend, mar ik haw my goed taret." Ek Bram is der klear foar. "Ik heb oefenexamens gemaakt van de vorige jaren en ik heb de signaalwoorden en tekstverbanden uit mijn hoofd geleerd."
De eineksamens yn in grut part fan it fuortset ûnderwiis binne úteinset
By it earste eksamen komme krekt wat mear swithantsjes sjen, seit Bram. "Ik heb ook plannen voor hierna. Als het examen dan niet goed gaat moet ik weer wat anders gaan verzinnen om te doen volgend jaar."
Tarieding mei corona
De learlingen hawwe yn de coronatiid op in oare wize les krigen as gewoan. Dat soarge foar in oare tarieding op dit eksamen, fertelt Wiebren Minnema. Hy is ôfdielingshaad fan de havo op it Marne College.
"Eins hat dizze generaasje der trije jier lest fan hân. Doe't sy wer nei skoalle koene, moast der in lykwicht fûn wurde tusken oandacht foar de learling, mar ek it ynheljen fan de achterstannen."
De eksamens gean dit jier wer gewoan sa as it heart. "Der is dit jier gjin kompensaasje mear, dus dat is best wol spannend, ek foar ús. Alles moat goed strak taret wurde, alles moat kontrolearre wurde."
Alle tiid pakke
De ferromming is suver te hearren as de learlingen fan it eksamen Dútsk de gymseal wer út komme. "Het ging wel goed, beter dan ik had verwacht", seit Auke. It dwaan fan it eksamen duorre wol lang, seit Ilse. "Ik hie wol echt 2,5 oere nedich, ik haw alle tiid brûkt."
De sintrale eineksamens rinne noch oant en mei tiisdei 30 maaie.