Frjentsjerter Einstein Class wurdt klearmakke foar de eineksamens

Noch efkes oefenje foar it eineksamen © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
Bern dy't yn it reguliere ûnderwiis fêstrinne, kinne by it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer terjochte yn de saneamde Einstein Class. Se krije dêr oare begelieding en se krije minder prikels yn it gebou.
No't de eksamens deroan komme, is it foar de bern op de skoalle in spannende tiid. De bern út de Einstein Class krije deselde eksamens as de oare bern. "Der komme in stik as seis, sân. Dy dogge it eksamen yn harren fertroude omjouwing", seit projektlieder Taede Haarsma.
Foar Yorben van Hees wurdt it al de twadde kear dat hy op dizze wize eineksamen docht. "Twee jaar geleden deed ik hier ook al examen. Toen op niveau vmbo-tl. Toen ben ik ook nog geslaagd, dat diploma heb ik te danken aan de Einstein Class. En nu doe ik examen havo."
De Einstein Class wurdt klearmakke foar de eksamens