Hieltyd mear jongeren út it Noarden yn de swiere kriminaliteit

In mes dat oantroffen is troch de plysje © ANP Foto
Hieltyd mear jongeren yn Noard-Nederlân meitsje harren skuldich oan swiere misdriuwen. Boppedat wurde de plegers hieltyd jonger. Dat docht bliken út sifers fan it Iepenbier Ministearje, dat him bot soargen makket.
Kommende tongersdei is der yn Grins in spesjale jûn oer dit probleem.
Hieltyd mear jongerein yn de kriminaliteit
Plysje en Iepenbier Ministearje sjogge de lêste trije jier in taname fan jonge kriminelen. "Dit komt voort uit de stijging van het aantal ernstige misdrijven, maar ook door het hogere 'instapniveau' van jongeren die voor de eerste keer met politie en justitie in aanraking komen", seit in wurdfierder fan it IM.
"Tevens blijkt dat hele jonge daders zich gelijktijdig richten op gewelds- en vermogensdelicten, en het doen van 'klusjes' in de drugshandel en omgang met zwaardere criminelen."

Edukaasje

It iepenbier Ministearje wol dat der op skoallen en yn wiken wiisd wurdt op de risiko's fan kriminaliteit om de jongeren "weerbaar te maken tegen de invloeden uit criminele netwerken. Vooral jongeren in minder goede sociaal-maatschappelijke omstandigheden hebben een groter risico om in de ondermijnende criminaliteit terecht te komen."