Snotnoas? Gjin reden mear om gjin lessen te folgjen
In kamera op in statyf dy't de dosint folget: it is realiteit yn it Stellingwerf College yn Easterwâlde. Op de skoalle wurdt op it stuit proefdraaid mei it streamen fan lessen. Sa kinne de bern dy't no thúsbliuwe moatte om't se in snotnoas hawwe op ôfstân gewoan yn de klasse 'derby wêze'.
Stellingwerf College streamt lessen
Skoallen rûnom yn de provinsje binne drok dwaande mei it finen fan kreative oplossings om learlingen dy't ferkâlden binne of in snotnoas hawwe dochs by de les te hâlden. Dat is ek needsaaklik om't ien op de tsien bern op it stuit thús sit. Omt se lichte klachten hawwe, meie se net nei skoalle.
Hybride les
Lessen streame is net nij foar it ûnderwiis. Yn de tiid fan de lockdown, ôfrûne foarjier, waarden in soad lessen online jûn. No wurdt eksperimintearre mei in soarte fan 'hybride' les. In dosint mei learlingen yn de klasse en dejingen dy't der net by wêze kinne folgje de lessen oer ynternet.
Joke Aartsen, dosinte Nederlânsk, is al in pear wiken entûsjast dwaande: "Je kunt zo veel beter in de gaten houden wat een leerling doet. Ze doen presentaties via de stream, voor de klas. Als ze kunnen, moeten ze aanwezig zijn."
Yn it foarjier wie dat oars. Doe wie der folle minder kontrôle op wat de learlingen allegearre al of net dienen.
Nei de hjerst allegearre live
Foar it Stellingwerf College is dit in útkomst. Ut in evaluaasje mei de learlingen die bliken dat echt fysyk les hawwen yn in lokaal it meast mist waard. Direkteur Sonja van der Wijk seach fuortendaliks al yn dat kamera's in útkomst wiene: "Die waren alleen dit voorjaar bijna volledig uitverkocht. Voor de zomer hebben we ze aangeschaft en nu kunnen we er goed mee werken in de les."
As it wurket, is it de bedoeling dat nei de hjerstfakânsje alle lessen dêr't útlis by nedich is of dêr't ien in presintaasje jaan moat, op ynternet te sjen is.
Der is noch in foardiel, sa seit Van der Wijk: "Het voorkomt dat personeel werk dubbel moet doen. Anders geef je eerst fysiek les en dan later doe je dezelfde uitleg nog een keer online. Dit neemt veel minder tijd en dus minder werkdruk."
Mear skoallen
Oare middelbere skoallen binne ek dwaande mei soartgelikense systemen. It CVO Súdwest-Fryslân, dêr't ûnder oare it Marne College yn Bolsert ûnder falt, is oan it besjen wat it bêste wurket. Yn Ljouwert wurde ynkoarten ûnder oare lessen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé ek streamd.
It wurket ek oarsom. Mocht de dosint in snotnoas hawwe of ferkâlden wêze dan kin hy of sy oer de stream lesjaan oan learlingen yn de klasse. Dêr sit dan al in klasse-assistint by om alles yn goede banen te lieden.