Mooglike nepplysje pakt yn Drachten mei weardefol guod fan Snitser slachtoffer
Yn Drachten is in mooglike nepplysje oanholden troch de plysje. De plysje seach in bestjoerder dy't opfallend ried. Doe't se de bestjoerder kontrolearje woene, folge in koarte achterfolging.
Nei in skoftke sette de 20-jierrige man út de gemeente Westerkwartier de auto oan de kant en naaide er rinnend út.
Krekt letter koe er oanholden wurde foar it negearjen fan it stopteken. Yn syn auto lei in papieren tas mei dêr in jildkist yn. It hat bliken dien dat it giet om in jildkist dy't meinommen is yn in oplichtingssaak.
Dyselde moarn wie in frou út Snits it slachtoffer wurden fan in nepplysje, dy't by har oan de foardoar kaam wie om weardefol guod op te heljen. De man is dêrop oanholden foar mooglike belutsenens by dizze oplichting.
It is noch net wis oft it om deselde fertochte giet. De plysje docht noch ûndersyk en warskôget op 'en nij foar nepplysjes dy't aktyf binnen yn Fryslân.