Omrop Fryslân

Betelefterstannen en mooglike oplichting; De Kruidhof ferliest opnij in hoareka-útbater

De Eettuin yn De Kruidhof
© RTV NOF
Minsken dy't foar in bakje kofje of in gebakje nei de Eettuin yn Bûtenpost gean, stean sûnt dizze wike foar in tichte doar. De gemeente Achtkarspelen hat it kontrakt mei de útbater opsein.
De útbater hat him net oan syn kontraktuele ferplichtings holden, seit de gemeente. En dat betsjut dat de Eettuin, dy't yn botanyske tún De Kruidhof sit, sûnt moandei 16 septimber ticht is.

Gjin perspektyf

"Der is op it stuit gjin oare oplossing", seit wethâlder Lea van der Tuin fan Achtkarspelen tsjin RTV NOF. "Der is gjin finansjeel perspektyf foar de takomst, dus wy ha besletten de oerienkomst op te sizzen."
De gemeente jout oan dat fierdere gearwurking mei de eksploitant net helber is. Der wie sprake fan in hierefterstân. De gemeente stjoerde ferskate betelwerinnerings, mar dêr waard gjin gehoar oan jûn. Dêrom waard de Eettuin begjin augustus troch de gemeente yn fersom steld.
Jairo Martinus (rjochts) en ien fan syn meiwurkers
© RTV NOF
Foar útbater Jairo Martinus kaam it nijs fan it beëinigjen fan it kontrakt as in ferrassing. "Ik had gevraagd om een gesprek om op die manier tot een oplossing te komen. Ik kreeg terug dat er contact met ons zou worden opgenomen en vervolgens krijg ik het nieuws dat er een ontzegging komt op het contract."
Neffens de gemeente barde dat yn in petear.

Tsientûzenen euro's fertsjustere

De Eettuin kaam earder dizze moanne yn it nijs omdat de kompanjon fan Martinus, de bedriuwslieder, tsientûzenen euro's fertsjustere hawwe soe. Hy wurdt derfan fertocht dat er jild achteroer drukt hat dat ûnder oare foar de salarissen fan it personiel ornearre wie.
By de fergunningsoanfraach die de gemeente wol in eftergrûncheck, mar allinnich nei Martinus, omdat allinnich syn namme by de oanfraach stie.
By de namme fan de kompanjon wiene heechstwierskynlik de alarmbellen wol ôfgien, want de man is net fan ûnbesprutsen gedrach. Hy is faker fan oplichting beskuldige en kaam sels yn TROS Opgelicht foarby.

Taseine ferbettering kaam net

De nije útbater gie yn maaie dit jier los. Al gau kamen der meldings fan personiel dat gjin salaris krige. Hoewol't de útbater en syn kompanjon ferbettering taseinen, kaam dy der net.
It personiel sette noch in crowdfundingsaksje op, mar dy smiet net in soad op.
Boppedat wiene der by de opstart al betellingsefterstannen by leveransiers en wie net foar alle meiwurkers in jildige ferklearring omtrint gedrach (VOG).
Wethâlder Lea van der Tuin-Kuipers fan Achtkarspelen
© RTV NOF
Dochs grypte de gemeente net fuortendaalks yn. Neffens Van der Tuin woe de gemeente de saak earst yngreven ûndersykje foardat der fierdere stappen naam waarden. Wat der no bart mei de ynfolling fan de Eettuin, kin Van der Tuin noch net sizze.
De gemeente seit fergees kofje en tee te skinken oan besikers fan De Kruidhof en it oangrinzjende IJstijdenmuseum. Op Oogstdag op 12 oktober regelet de gemeente in hoarekapunt.
De Kruidhof yn Bûtenpost
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Oft der in nije útbater stiet te springen om it stokje oer te nimmen, is de fraach. Mei it fuortgean fan Martinus swaait de achtste útbater fan de Eettuin yn goed tsien jier tiid ôf.
Foargeande útbaters seinen dat de gemeente it harren ûnmooglik makke om in rendabele hoarekagelegenheid te runnen.
Dochs hâldt Van der Tuin hoop: "Ik tink dat it echt skande is foar elkenien dy't belutsen is by dizze saak. Ik leau yn de takomst fan De Kruidhof en alles wat dêrby heart, ek it museum en in hoareka. Wy sille no rêstich besjen hoe fierder."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.