Fraude by restaurant yn Bûtenpost: meiwurkers wachtsje al wiken op salaris
Der soene tsientûzenen euro's achteroerdrukt wêze by it restaurant fan de botanyske tún de Kruidhof yn Bûtenpost.
Dêr binne no grutte finansjele problemen. Dat meldt streekomrop RTV NOF. Personielsleden wurde net mear betelle. Se wurkje al wiken frijwillich.
It jild dat ûnder oare foar de salarissen ornearre wie, soe fertsjustermoanne wêze troch de man dy't as bedriuwslieder ferantwurdlik wie foar de sinteraasje.
De pachter fan it restaurant is nei de rjochter stapt om it konflikt mei syn kompanjon op te lossen. "Ik was te goedgelovig, en dat is mijn fout", seit er by RTV NOF.
Der rint no in crowdfundings-aksje om it restaurant te rêden en de juridyske kosten foar de pachter te dekken. "We dachten steeds dat het goed zou komen, maar helaas is dat niet gebeurd," seit it personiel.
RTV NOF hat kontakt socht mei de man dy't derfan beskuldige wurdt dat er it jild achteroerdrukt hat, mar dy woe net reagearje. Syn telefoannûmers binne ôfsletten. Hy soe faker belutsen west ha by frauduleuze praktiken.
Konfrontaasje
Hoewol't de personielsleden yn earste ynstânsje iepen stiene foar syn ideeën, setten se al gau fraachtekens by syn gedrach. Hy die oankeapen dy't net nedich wiene, en wie 'faach' oer de finansjele sitewaasje fan it bedriuw, sizze se.
"Hij begon ook te schreeuwen naar sommige klanten, niet echt fijn", seit Morticia de Brock fan it restaurant.
De bedriuwslieder gie fuort nei in konfrontaasje mei in meiwurkster oer har achterstallich lean. Koart dêrnei ûntduts it oerbleaune personiel dat hy in grut bedrach fan de bedriuwsrekken helle hie.
"Ik vind het schandalig, hoe hij ons nu in de steek heeft gelaten, het doen ons heel veel pijn", seit pachter Jairo Martinus.
De gemeente Achtkarspelen soe al betiid op de hichte steld wêze fan twifels dy't der wiene oer de bedriuwslieder, mar grypte net yn.
Neffens wethâlder Lea van der Tuin-Kuipers wol de gemeente de saak earst yngreven ûndersykje foardat der fierdere stappen naam wurde.