Omrop Fryslân

Nei 50 jier kriget swimjuf Hieke yn Bûtenpost der noch net genôch fan: "Lesjaan oan bern it moaist"

Swimjuf Hieke Nauta
© De Kûpe / RTV NOF
Al 50 jier jout Hieke Nauta swimles by swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Eins gie se twa jier lyn al mei pensjoen, mar Nauta woe sa graach har jubileum folmeitsje dat se trochgie.
Nauta hat noch hieltyd in protte nocht oan har wurk."Doe't ik jong wie, fûn ik it sa leuk. En yn al dy jierren haw ik ûntdutsen dat ik it lesjaan oan bern it leukste fyn, mar soms rêdst ek minsken of bern út it wetter en dat heart ek by it wurk."
Juf jout 50 jier les
No't se ta is oan har jubileum, soenen je tinke dat it no wolris klear is. Mar dat blykt oars te sitten. "Ik soe oant myn fyftichste jubileum trochgean, mar ik fyn it gewoan te moai, dus ik hâld noch net op."
Nauta har folgjende doel: trochgean oant har santichste. "Salang't se my hjir noch wolle", laket se.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.