Omrop Fryslân

Aonne de Wrede waard in leginde yn de draafsport, mar "ik ha net safolle mei hynders"

Aonne de Wrede
© Omrop Fryslân
Aonne de Wrede is miskien wol de ferneamste pikeur yn de Fryske hynstewrâld, mar hy hat eins net sa'n soad mei hynders. It is omdat syn heit it woe. It late ta in haat-leafdeferhâlding, dy't al syn hiele libben duorret.
De Wrede makket yn de jierren santich, tachtich en njoggentich furoare as pikeur en trainer yn de draafsport. Syn hichtepunt is de winst, as earste Fries ea, op de derby fan Duindigt yn 1981. It smyt him 100.000 gûne op.
Yn totaal wint De Wrede as pikeur mear as 1500 koersen en as trainer noch seker in kear safolle. Mar hy is ek in grut fraudeur.
Aonne nei winst yn de derby yn 1981
© onbekend
De Wrede ferkeapet koersen en gokt mei foarkennis op hynders. Dat smyt in soad jild op, mar hy rint der wol mei tsjin de lampe. In jier nei syn grutte oerwinning op Duindigt wurdt hy foar fiif jier skorst. Hy belânet sels yn de finzenis.
Fenomeen of fraudeur? Sjoch hjir nei de dokumintêre oer Aonne de Wrede:
Yn de dokumintêre 'Fenomeen of fraudeur' docht De Wrede in boekje iepen oer syn kunde as trainer en pikeur, mar ek oer de donkere kant fan syn karriêre.
"Guon minsken neame my in fenomeen, oaren in krimineel. Beide is in bytsje wier, al fyn ik mysels net in krimineel. Mar ik bin wol in dogeniet!"

Der wat fan meitsje

De Wrede komt yn it fak fan de hynstesport telâne, omdat syn heit fynt dat er wat dwaan moat. Krekt dêrfoar wie De Wrede fuortstjoerd út militêre tsjinst.
Dat is neat foar my.
De Wrede wurket leaver net mei jonge hynders
"Ik ha net safolle mei hynders", seit er. "Mar om fan in hynder dat neat kin, dochs wat te meitsjen, dat fyn ik leuk."
De Wrede spesjalisearret him yn dat soarte hynders. Hynders dy't it net mear dogge wer oan de gong krije. Leafst yn net al te lange tiid.
"Ik ha neat mei jonge hynders. Dat is safolle wurk en dat kostet sa'n soad tiid. Dat is neat foar my."
Aonne de Wrede
© Omrop Fryslân
Dy haat-leafdeferhâlding mei de sport bringt him ek ta de fraude, fertelt De Wrede. "Ik wurke 80 oant 90 oeren yn 'e wike en hold hast neat oer. Doe tocht ik: dat moat oars."

"Maklik jild"

Tegearre mei in befreone bookmaker begjint De Wrede de koersen te manipulearjen. Hy hâldt bygelyks syn eigen favorite hynder yn en gokt mei syn maat op it hynder dat dan de grutste kâns makket om te winnen.
"It wie maklik foar my. Ik koe it ek goed. Ik koe elkenien en wist presys wat de oare hynders koenen. It wie maklik jild."
De Wrede fertsjinnet der in soad jild mei. "Twa kear safolle", seit er.
Aonne de Wrede by in wedstriid
© Omrop Fryslân
De Wrede en syn maat hâlde it jierrenlang fol. Mar it begjint wol op te fallen en der wurdt oer praat.

Skorsing en finzenis

As de kontrôle op fraude yn de draafsport begjin jierren tachtich oanskerpe wurdt, rinne se tsjin de lampe. De Wrede wurdt foar fiif jier skorst en mei ek gjin hynders mear traine. Hy moat sels de finzenis yn.
It besoarget De Wrede in minne namme yn de draafwrâld. Hy lûkt him der net folle fan oan. "Ik wie altyd al it swarte skiep."

Nije suksessen

Dochs pakt hy syn fak ein jierren tachtich wer op. En opnij mei sukses. Fia in grutte eigener krijt er tige goeie hynders en wint er koers op koers. Yn Studio Sport wurdt hy ien fan de bêste fiif pikeurs fan Nederlân neamd.
Aonne de Wrede
© Omrop Fryslân
Ein jierren njoggentich, nei opnij gedoch en skorsingen, hat De Wrede der genôch fan. Hy hâldt op yn Nederlân en giet nei it bûtenlân. Hy wurket hast tweintich jier yn ûnder oare Frankryk, Italië, Sweden, Noarwegen, Amearika en Kanada. Ek dêr hellet er wer suksessen.

Sykte

Yn 2019 wurdt De Wrede siik. Hy komt werom nei Nederlân. Dêr wurdt nei ûndersyk konstatearre dat er de sykte fan Kahler hat. Dy is ûngenêslik. De Wrede leit in soad op bêd en makket drege tiden troch. Mar fia twa omkesizzers, dy't in hynder ha, pakt er it trainersfak dochs wer op.
Aonne de Wrede no
© Omrop Fryslân
Ek mei dat hynder en de opfolger dêrfan pakt er de winst yn in tal koersen. Troch in nij medisyn giet it no goed mei him. Mar syn sykte kin elk momint wer opspylje.
Mei trainen giet hy troch. "Oant ik omfal."

FryslânDOK

De dokumintêre oer Aonne de Wrede is te sjen sneon om 15.25 oere op NPO 2 en snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.