Omrop Fryslân

Boekje iepen oer ûnderstelde oplichter De Kruidhof: "Hij kwam zo betrouwbaar over"

De man starte earder in soarchmaneezje op
© Shutterstock
De man dy't tsientûzenen euro's fan De Kruidhof yn Bûtenpost fuortslûsd hawwe soe, lichte earder minsken op. Dat sizze persoanen dy't yn 2010 mei him yn kontakt kamen. "Ongelooflijk. Hij kwam zo betrouwbaar over."
Hy hie grutte plannen. In soarchmaneezje yn it Noard-Brabânske Baarle-Nassau. Yn earste ynstânsje kaam dy der ek. Mar nei net al te lange tiid wie er ynienen fuort en liet er de minsken yn betizing efter.
It giet hjir om de man dy't de botanyske tún De Kruidhof koartlyn bedondere hawwe soe. Neffens de ferhalen op ynternet liet er in spoar fan fernieling efter. Inkelde minsken dy't earder mei him te krijen hiene, dogge in boekje iepen.

Minsken mei in beheining

Yn 2010 joech TROS Opgelicht omtinken oan de ûnderstelde oplichter. Hy sette yn dat jier soarchbuorkerij de Amidahoeve op. Dat wie in soarchmaneezje dêr't minsken mei in fysike of mentale beheining yn kontakt komme koene mei hynders.
Fraude by De Kruidhof
In troud pear dat in koetsemakkerij runde, fertelt deroer. "Hij zei dat hij een hippisch centrum wilde opzetten. Wij maakten onder andere huifbedden en knielwagens. Die bestelde hij bij ons."
De aanbetaling kwam maar niet binnen.
In stel dat te krijen hie mei de ûnderstelde oplichter
Earder hie er in demomodel fan in 'huifbed' yn brûklien krigen. De bestelde eksimplaren moasten noch makke wurde. "Daar zou ik pas mee beginnen als ik de aanbetaling binnen zou krijgen. Maar dat duurde en duurde maar", fertelt it stel dat leaver anonym bliuwt. De nammen binne by de redaksje bekend.
Fan de bedriuwslieder hearden se nei in skoftsje dat it net yn 'e heak wie. Sa wie immen yn leantsjinst nommen, mar dy krige net útbetelle. "De bedrijfsleider waarschuwde ons, want zij vertrouwde die man niet."
Sy woene it demomodel der doe sa gau as mooglik wei hawwe, mar koene net fuortendaliks komme. De bedriuwslieder hat doe it 'huifbed' by in boer, dy't yn deselde strjitte wenne, op it hiem set. Dêr koene se it de oare deis ophelje.
De man starte in soarchmaneezje op
© XChange
De man wie neffens de twa hiel wat fan doel. En dat leauden se ynearsten ek. "Het is ongelooflijk. Hij kwam heel betrouwbaar over. De gesprekken waren zo leuk."
Het is ongelooflijk dat hij dit veertien jaar later nog steeds doet.
De twa binne fernuvere dat de man noch altyd syn gong giet
Mar hy bliek him oars foar te dwaan. De oanbetelling kaam nea en de man wie ynienen fuort. "Gelukkig hebben wij er geen financiële schade aan overgehouden. Maar we hoorden later ook andere verhalen, waarbij niet iedereen er zo goed vanaf kwam."
It pear folge him de tiid dêrnei noch efkes. "We lazen dat hij in de Achterhoek actief was, en nu dus ook weer in Buitenpost. Die vent is zo gehaaid. Het is ongelooflijk dat hij dit veertien jaar later nog steeds doet."

Hynstehannel

De twa wiene net de iennigen dy't doe mei de man te krijen hiene. Hy socht nammentlik ek kontakt mei in hynstehanneler, dy't ek gearwurke mei de Amidahoeve.
"Het was een man in nette kleding die heel rustig zijn verhaal vertelde", seit de hanneler, dy't anonym bliuwe wol (ek syn namme is by Omrop Fryslân bekend). De man woe in pear hynders keapje foar de Amidahoeve.
Yn 'e hynstehannel is it gebrûklik dat de mooglike keaper twa wiken betinktiid hat.
De man woe hynders ferkeapje dy't net fan him wiene
© ANP
"Ik vermoed dat hij die paarden wilde krijgen, om ze vervolgens binnen die twee weken weer te verkopen. Waarschijnlijk hoopte hij dat ik de eigendomspapieren erbij zou doen. Maar dat deed ik niet", fertelt er. "Volgens mij was hij niet zo thuis in deze wereld."
We zijn gewoon de poort doorgereden en hebben alle paarden ingeladen.
In hynstehanneler fertroude it net
Wylst de hynders by de Amidahoeve stiene, sette de man se yn de ferkeap. "Dat werd me namelijk verteld door andere handelaren. Hij wilde ze van de hand doen zonder papieren, want de paspoorten had hij niet. En dat is in deze handel heel raar."

Erchtinken

De hannelwize rôp erchtinken op. Doe't it net mooglik wie om mei de man te praten, wist de hynsteferkeaper genôch. Hy stapte fuortendaliks yn de frachtwein en ried nei de Amidahoeve.
"We zijn gewoon de poort doorgereden en hebben alle paarden ingeladen", seit er. "En gelukkig maar, want naderhand hoorden we dat hij niet te vertrouwen bleek."

Goede babbel

Paul Logemann fan Ljouwert is strafrjochtadvokaat en spesjalisearre yn fraudesaken. Hy behannelet geregeld saken mei oplichters. "Zulke mensen dichten vaak het ene gat na het andere."
"Ze komen betrouwbaar over, hebben een goede babbel." Dat is harren sterke punt, kontakt meitsje mei oaren, seit Logemann.
Advokaat Logemann fertelt oer fraudeurs
© Shutterstock
"Meestal zijn ze sociaalvaardig. 'Hij heeft het goede met me voor', denken mensen vervolgens. En daar zijn velen ontvankelijk voor."
Dêrnei ûntstiet in fertrouwensbân. En sa witte fraudeurs minsken yn te palmjen en úteinlik slachtoffers te meitsjen.
Het is heel hardnekkig. Fraudeurs vallen meestal terug in oude patronen.
Strafrjochtadvokaat Paul Logemann
"Ze gaan steeds een stapje verder. Last van gewetensbezwaren hebben ze zelden. Vaak komt er een stukje narcisme bij kijken en hebben oplichters een gebrekkige gewetensontwikkeling."
Logemann fertelt dat dieders, neist it krijen fan in straf, ek in foardering ferwachtsje kinne. Dan moatte se it bedrach werombetelje dat se in persoan of bedriuw ûntnaam hawwe.

Net werom te finen

"In dat geval start een incassoprocedure. Het slachtoffer wordt zodoende schadeloos gesteld. Als de dader ook maar enig vermogen heeft, dan wordt dat bedrag gevorderd."
De dieders binne neffens de advokaat net werom te finen yn in kompjûtersysteem.
Logemann seit dat de kâns grut is dat de persoan yn kwestje trochgiet mei de ûnderstelde praktiken. "Het is heel hardnekkig. Ze vallen meestal terug in oude patronen", seit de advokaat. "Ondanks de ellende die ze veroorzaken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.