Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong genietet yn nij team: "Ik bin gjin robot mear"
Antoinette Rijpma-de Jong hat yn har nije team, Reggeborgh, de wille foar it reedriden weromfûn. De Rottumse makke dit jier in pikante oerstap.
"Je wurde hjir gewoan mei de neus op de feiten drukt", seit Rijpma-de Jong op de jierlikse teampresintaasje fan Reggeborgh yn Rijssen. Alle reedrydteams hâlde oan it begjin fan it seizoen sa'n presintaasje. Foar de Rottumse is it de safolste teampresintaasje, mar dochs is it dit jier oars as oars.
Fan giel nei grienswart
Rijpma-de Jong stiet foar it earst yn jierren yn in oar tenu. It giele fan Jumbo hat plak makke foar it grienswart fan Reggeborgh. "Ik hie dit echt nedich, want ik siet wol sa yn dy sleur. Ik woe derút."
Sy tekene in kontrakt by Reggeborgh oant de Winterspelen fan 2026. "It wie echt spannend om dy knoop troch te hakken. Ik siet der al lang tsjinoan te hikken, mar ik fielde gewoan dat ik net mear better waard."
Rijpma-de Jong helle by Jumbo-Visma (no Essent) trije kear goud op de WK ôfstannen en trije kear de Europeeske titel by it Allround. Mar se fielde har net mear op it plak. "Ik koe it dêr gewoan net mear fine en ik wie gewoan net op myn top. Dus doe sei ik tsjin mysels dat ik wat oars woe."
No hopet Rijpma-de Jong dy saneamde sleur troch te brekken. "Ik wurd hjir folle hurder oanpakt. Dat klinkt wat nuver, mar dat hie ik nedich. Ik siet by Jumbo echt yn in sleur en ik wie in robot dy't gewoan alle dagen nei de training gie. Ik bin hjir gjin robot mear."
Ik laitsje gewoan folle mear.
Neffens har sit it ferskil benammen yn dat strakke rezjym. "Der wurdt mei je praat oer hoe't saken better kinne en der wurdt echt frege hoe't it mei dy giet. Dy lytse dingen dogge in soad mei my en dêrom fielt it ek goed. Ik laitsje gewoan folle mear en dat fyn ik al belangryk."
Seizoen begjint oer in moanne
Yn it twadde wykein fan novimber begjint it reedrydseizoen echt mei it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Dêr kinne de riders harren bewissigje fan startbewizen foar de earste wrâldbekerwedstriden.
It twadde grutte nasjonale toernoai fan dit seizoen is it NK allround & sprint tusken de krystdagen en de jierwiksel.
It foarige reedrydseizoen wie dreech foar Rijpma-de Jong, mar no wol sy wer foarút. "Ik sjoch fansels nei de Spelen fan 2026 en dy binne wichtich. Mar ik sil net sizze dat dit in tuskenjier is. Dat is it nea, want je moatte altyd gewoan fol foar de winst gean."
"Mar ik wit ek dat ik noch wenne moat oan in nij patroan", seit se. "Ik ha it sa lang dien en dus moat dat gewoan wenne en dat moat tiid krije. Ik jou mysels de tiid en ik wol it alle trainingen goed dwaan. Dan hoopje ik dat it yn de wedstriid ta utering komt."