Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong stapt oer nei Team Reggeborgh

Antoinette Rijpma-de Jong
Antoinette Rijpma-de Jong op it WK Allround © Orange Pictures
Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong ferlit Jumbo-Visma en giet nei Team Reggeborgh. Dêr tekenet se in kontrakt foar twa jier. Rijpma-de Jong hat dat sneintejûn yn Inzell bekendmakke oan de rest fan it team.
Yn Inzell sei se nei it heljen fan brûns op it WK allround noch dat se noch wist wat se folgjend seizoen dwaan sil. "Ik ha mysels oant it WK jûn. Dit is it momint dat ik fierder sjen gean. Ik genietsje no noch fan myn tredde plak op dit WK en dan sjogge we dêrnei wol fierder."
In pear oeren letter lekte út dat se nei Team Reggeborgh giet.

Suske Michelle

De oerstap betsjut dat der nei seis jier in ein komt oan de gearwurking tusken Rijpma-de Jong en coach Jac Orie. Yn 2018 makke se de oerstap nei Jumbo-Visma. Under lieding fan Orie helle se meardere wrâldtitels en waard se trije kear Europeesk kampioen allround.
By Reggeborgh wurdt se nei alle gedachten ploechgenoat fan har jongere suske Michelle. Sy rydt ek by dy ploech mar hat noch gjin kontrakt foar folgjend jier tekene.