Groenewoud pakt sulver op WK allround, wer brûns foar Rijpma-de Jong

Marijke Groenewoud
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Marijke Groenewoud hat sulver wûn op it wrâldkampioenskip allround. Antoinette Rijpma-de Jong pakte foar de fyfde kear brûns. Joy Beune waard wrâldkampioen.
Op de ôfslutende 5.000 meter moast Groenewoud hast trije sekonden goed meitsje op Beune om de wrâldtitel te pakken. Mar Beune is wrâldkampioen op dy ôfstân en dat liet se sjen ek. Beune pakte de winst op de 5.000 meter en dêrmei ek mei oermacht de wrâldtitel.

Groenewoud passearret Mei Han

Om sulver te winnen moast Groenewoud de Sineeske Mei Han 0,36 sekonden foarbliuwe. Rijpma-de Jong moast 59 hûndertsten goedmeitsje.
Groenewoud en Rijpma-de Jong kamen yn de ien-nei-lêste rit yn aksje. Groenewoud wûn de rit yn in tiid fan 6.54,04 en wie dêrtroch yn elts gefal wis fan brûns.
Rijpma-de Jong wie hast fiif sekonden stadiger as Groenewoud en moast ôfwachtsje wat Han dwaan soe.

Utslach 5.000 meter WK allround

1. Joy Beune 6.52,62
2. Ragne Wiklund (NOA) 6.53,51
3. Marijke Groenewoud 6.54,04
5. Antoinette Rijpma-de Jong 6.58,78
6. Mei Han (SIN) 7.07,43 (PR)
Mei Han kaam net fierder as 7.07,43. Dêrtroch pakte Groenewoud sulver en Rijpma-de Jong brûns.
Groenewoud rekke earder op de dei al de lieding kwyt nei de 1.500 meter oan Beune. Groenewoud en Beune troffen inoar yn de lêste rit. De rapste tiid wie doe delsetten troch Mei Han: 1.52,97.
Antoinette Rijpma-de Jong ferlear yn har rit fan Han en kaam ta 1.53,45. Han passearre dêrtroch Rijpma-de Jong yn it klassemint, wêrtroch de Rottumse fjirde stie yn it klassemint.

Beune ek oppermachtich op de 1.500 meter

Groenewoud hie foar de 1.500 meter in gat fan hast in heale sekonde op Beune, mar dat makke Beune mear as goed. Beune ried in hiele goeie 1.500 meter, ried healweis de rit by Groenewoud en kaam yn in nij baanrekôr oer de streek.
Groenewoud liket op de ein fan de 1.500 meter op en finishste op 1,41 sekonde fan Beune.

Utslach 1.500 meter WK allround

1. Joy Beune 1.52,06
2. Mei Han (SIN) 1.52,97
3. Antoinette Rijpma-de Jong 1.53,45
5. Marijke Groenewoud 1.54,06
Groenewoud makke har debút op it WK allround en pakte fuort sulver. Rijpma-de Jong docht al foar de sânde kear mei. Se waard twa kear fjirde en fjouwer kear tredde. Mei dizze brûnzen medalje pakt se dus foar de fyfde kear it tredde plak.

Einklassemint WK Allround froulju

1. Joy Beune 157.268
2. Marijke Groenewoud 157.720
3. Antoinette Rijpma-de Jong 158.219
4. Francesca Lollobrigida (ITA) 159.024
5. Mei Han (SIN) 159.025