Marijke Groenewoud tefreden mei sulver: "Twadde op in WK is hielendal net slecht"

Marijke Groenewoud nei it WK mei har coach Jillert Anema
Marijke Groenewoud nei it WK mei har coach Jillert Anema © Omrop Fryslân
Marijke Groenewoud baalt nei it wrâldkampioenskip allround foaral fan har minne 1.500 meter, mar is al mei al net ûntefreden mei it twadde plak. "Ik tocht nei dy 1.500 meter: meist my wol ôfmelde. Ik wie der hielendal klear mei."
Nei har lêste ôfstân en de huldiging komt Groenewoud sa as eins altyd mei in grutte glimk op har gesicht foar ús kamera. Is se bliid? Tefreden? "Al mei al: in twadde plak op myn earste WK allround is hielendal net slecht."
Wat oerhearsket is segryn oer har 1.500 meter, mar ast dêroerhinne sjochst, kin se wol bliid wêze mei dizze sulveren medalje en har seizoen.
"Ik ha in goed seizoen. It twadde diel wie wat minder. Dêr bin ik wol tefreden mei. Ik bin bliid dat der in stapke bysetten is."
Marijke Groenewoud sjocht werom op har twadde plak op it WK Allround
Groenewoud wie foaral lilk nei de tredde ôfstân. "Nei de 1.500 meter wie ik flink teloarsteld, mar dat is no wol bydraaid. Ik ha it ferkloat op de 1.500 meter. Dat is sonde."
Op de 1.500 meter trof se yn de lêste rit de lettere wrâldkampioen Joy Beune. Dat dy rit net goed wie, lei neffens har foaral oan de start. "Ik fernaam oan de iepening al dat se neist my siet. Dat wie eins net de bedoeling. En dan sa'n lêste krusing, dy is ek noch yn har foardiel. Ik moast hurd fan start gean. Dêr misleare it eins al. Dan begjin ik te hurdrinnen en te krabbeljen. Dan mis ik alles."

Groenewoud wie der "hielendal klear mei"

Nei de 1.500 meter moast se harsels by inoar skrabje om te starten op de lêste ôfstân. "Ik tocht nei dy 1.500 meter: meist my wol ôfmelde. Ik wie der hielendal klear mei."
Mar doe't se seach wat it ferskil mei Beune wie, hie se ek noch wol hoop. "It ferskil wie trije sekonden. Dat wie ek noch wol te oerbrêgjen. Al wist ik wol dat it hiel muoilik wurde soe."
Ik bin gek op mannen yn de ploech.
Marijke Groenewoud
Sa wie se mear op de 5.000 meter dwaande mei de eventuele titel. "Ik wie wol dwaande mei it oanfallen fan de tiid, sadat Beune wat druk fiele soe. Dêr wie ik mear mei dwaande as it ferdigenjen fan myn twadde plak."

Takom jier

No't Irene Schouten bekend makke hat op te hâlden, is de kâns grut dat Groenewoud takom jier de kopfrou fan Team Zaanlander is. "It liket wol as ha jim dat ôfpraat. Elkenien freget der nei. Do bist de tredde al. Ik hear dat ik de kopfrou wurd. No ja, dat moat ik dan mar op my nimme."
Marijke Groenewoud
Ofbylding as yllustraasje © Orange Pictures
Groenewoud hat der nei eigen sizzen noch net oer neitocht. "Op dit momint net nee. Ik bin der noch net echt mei dwaande west."
"Ik bin bliid dat we in maratonploech der by ha. En ik hoop dat der wat allround-mannen der by komme, mar dat is lestich yn Nederlân. Ik bin gek op mannen yn de ploech, dus dy meie der wol by komme."
Antoinette Rijpma-de Jong sjocht werom op har brûnzen WK Allround
Foar Antoinette Rijpma-de Jong waard it wat in teloarstellend wykein. Se helle earder al fjouwer kear brûns op it WK allround. "Hoefolste is dit? De fjirde? De fyfde? Ja, shit. Dit wykein wie it krekt net."
It is eins krekt as it hiele seizoen. "Ik hie hiel graach mear wold. Mar foar dit seizoen bin ik der oké mei. Fjochtest foar it meast helbere, mar miskien is dit no it meast helbere."

Foar Rijpma-de Jong wie it in seizoen fan krekt net

Ferline jier wie miskien wol it bêste seizoen ea foar Rijpma-de Jong, mar dy line hat se dit seizoen net echt trochsette kinnen. "It wie dit seizoen eins krekt net. Foarich seizoen foel alles goed. Dit seizoen kloppet it gewoan oan alle kanten net. Dat hat in soad oarsaken."
Rijpma-de Jong (links) en Groenewoud (rjochts) nei harren 5.000 meter
Rijpma-de Jong (links) en Groenewoud (rjochts) nei harren 5.000 meter © Orange Pictures
Rijpma-de Jong wûn dit seizoen goud op it EK op de 1500 meter. Op it Wk helle se trije kear in fjirde plak. Ek by de ploech fan Rijpma-de Jong, Jumbo-Visma, rûn it net hiel goed dit seizoen.
"De ploech rûn net. Dat kostet ek in hiel soad enerzjy. Ik hie my best wol ôfsluten fan in hiel soad dingen. It plezier waard eins hieltyd minder. Ik koe krekt net alles jaan wat ik yn mei hie."

Ôfrinnend kontrakt by Jumbo-Visma

It kontrakt fan Rijpma-de Jong rint nei dit seizoen ôf by Jumbo-Visma. "Ik ha mysels oant it WK jûn. Dit is it momint dat ik fierder sjen gean. Ik genietsje no noch fan myn tredde plak op dit WK en dan sjogge we dêrnei wol fierder."