Teanblessuere reedrydster Rijpma-de Jong nei ûngelok mei gewicht
Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong moat yn har tarieding op it nije seizoen efkes rêstich oan dwaan. De mearfâldich wrâldkampioene hat in teanblessuere oprûn by in ûngelokje mei in gewicht. Dat befêstiget teammanager Henk Schra fan Reggeborgh nei berjochtjouwing fan De Telegraaf.
"Gebroken is een groot woord. Ze heeft een scheurtje in haar teen, nadat er onlangs een kettlebell op is gevallen", sei Schra, dy't him gjin soargen makket. "Het is niet zo dramatisch. Ze kan waarschijnlijk eind van de week weer schaatsen."
De 29-jierrige Rijpma-de Jong gie yn maart nei seis seizoenen Jumbo-Visma nei Reggeborgh. Se waard yn it ferline wrâldkampioene op de 1.500 meter en de 3.000 meter en wûn trije kear WK-goud op de efterfolging.