Omrop Fryslân

'Oar karakter' foar ploech fan Sven Kramer (mei rôze reedrydklean)

Direkteur Sven Kramer fan Team Essent
© Orange Pictures
Yn syn reedrydkarriêre makke Sven Kramer him simmerdeis drok oer fyts- en krêfttrainingen. Dizze simmer moast er as kommersjeel direkteur op syk nei in nije haadsponsor foar syn ploech.
Dy fûn er yn Essent. Tiisdei waard de reedrydploech fan Essent presintearre op it middenterrein fan Thialf.
It wie wennen, want de ôfrûne jierren ried de ploech fan coach Jac Orie yn swart-giele pakken. Haadsponsor wie doe Jumbo. Mar de supermerk hold op as haadsponsor en dus moast Kramer oan 'e bak.
De syktocht nei in nije jildsjitter neamt Kramer 'best wol solide', ek om't Jumbo net hielendal ferdwûn is as sponsor.
"Dus der wie gjin man oerboard", leit Kramer út. "Mar it is dochs lekker datst oankundigje kinst datst in nije partner hast foar de langere termyn."
Sven Kramer helle as kommersjeel direkteur Essent binnen as nije haadsponsor
"Sawysa lizze sponsors net foar it opkrijen yn de hjoeddeiske sportsponsoring. It binne bêst wol drege tiden", fertelt Kramer, dy't noch altyd de meast suksesfolle reedrider oait is. "Dêrom binne wy superbliid mei Essent."
Essent ferbynt him foar minimaal trije jier oan de langebaan-, talinte- en maratonploech.
Dêrneist set it enerzjybedriuw him ek yn foar it ferduorsumjen fan keunstiisbanen en stipet it de Sven Kramer Academy. Dy stichting wol minsken entûsjast meitsje foar it reedriden.
De reedriders fan Team Essent mei coach Jac Orie
© Orange Pictures
De reedrydploech hat wol in wat oar karakter as de ôfrûne jierren. Doe stiene der grutte nammen as Jutta Leerdam, Antoinette Rijpma-de Jong en Jorrit Bergsma ûnder kontrakt.
No is bewust keazen foar minder oansprekkende nammen en jonge talinten, sa as Isabel Grevelt en Meike Veen.
Riders as Merijn Scheperkamp en Joep Wennemars hearre no by de boechbylden fan de ploech. Al stiet dat twatal noch wol yn it skaad fan it échte boechbyld fan Team Essent. Dat is Suzanne Schulting.
Schulting wol kommend seizoen mei coach Jac Orie útfine yn hoefier't it langebaanreedriden te kombinearjen is mei it shorttracken.
Suzanne Schulting is it boechbyld fan Team Essent
© Orange Pictures
Kramer en Orie sille akseptearje moatte dat harren riders dit seizoen miskien minder winne as de ôfrûne jierren.
"Dat kin soms lestich wêze", jout Kramer ta. "We ha bewust in ferjongingsslach makke en dat hat tiid nedich. Se hawwe romte nedich om flaters te meitsjen."
It kommende reedrydseizoen is it lêste seizoen foar it olympyske jier, want oer oardel jier binne de Winterspelen yn Milaan.
"Dat is miskien wol op de koarte termyn, mar wy sjogge ek nei de lange termyn yn 2030."
Sven Kramer
© ANP
Yn syn eigen tiid as reedrider wie Kramer in échte winner, dy't pakke woe wat er pakke koe. No sil er ek omgean moatte mei mindere resultaten as allinnich mar goud.
De grutte fraach oft Kramer dat kin. "Fansels wol ik winne, dat is wêr't by my it spultsje om draait, mar soms hat it efkes wat mear geduld nedich."
Hat Kramer dat geduld? "No noch wol, haha. It giet om it fertrouwen datst yn inoar hast. Oft it no ien of twa jier duorret, dat we winne is wis."

Seizoen begjint oer in moanne

Yn it twadde wykein fan novimber begjint it reedrydseizoen echt mei it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Dêr kinne de riders harren wis meitsje fan startbewizen foar de earste wrâldbekerwedstriden.
It twadde grutte nasjonale toernoai fan dit seizoen is it NK allround & sprint tusken kryst en de jierwiksel.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.