Omrop Fryslân

Frijwilligerswurk goed tsjin demintsy: "Ik zie gewoon een hele blije papa"

Lammert Krol docht frijwilligerswurk yn de tún fan soarchsintrum Stellinghaven
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Frijwilligerswurk dwaan mei demintsy, dat is goed foar de harsens en fertraget it syktebyld. It projekt DemenTalent yn Eaststellingwerf rint yntusken goed in jier en siket mear dielnimmers.
Sjen nei wat minsken mei demintsy noch wól kinne en dêr gebrûk fan meitsje. Dat is it doel fan DemenTalent. In projekt fan platfoarm Sûnenz en de gemeente Eaststellingwerf. Dielnimmers dogge frijwilligerswurk en hawwe dêr baat by. En sa wurde frijwilligersfakatueres ynfolle. Se wurkje as gastfrou of -man, op de taksy, by de sportclub of yn de tún.
Frijwilligerswurk wurket goed tsjin demintsy
Sa docht de hast 80-jierrige Lammer Krol túnûnderhâld by in soarchsintrum yn Easterwâlde. Hy krige seis jier lyn de diagnoaze Alzheimer. "It giet goed", antwurdet hy op de fraach, hoe't it no giet.
"Ik kin net sizze dat ik no feroare bin yn seis jier. Ik fernim der neat fan. Ik tink dat myn famyljeleden der oars oer prakkesearje, mar salang't ik der gjin lêst fan haw, dan haw ik it net."
It wurk yn de tún helpt him om de harsens aktyf te hâlden. "En ik gean trije kear yn de wike nei de sportskoalle. Dan doch ik cardiofitness en gewichtstraining."
Ingrid Dijkstra is projektbegelieder by DemenTalent
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens projektlieder Ingrid Dijkstra sil it proses fan demintsy wol gewoan trochgean. "Maar je ziet wel dat het vertraagt. En je ziet dat de mensen er plezier in hebben en daar gaat het vooral om. Want er kan ontzettend veel als je dementie hebt. Daar willen we de nadruk op leggen."
Se sjogge nei wat ien moai fynt om te dwaan en sykje dêr in fakatuere by. Der binne op dit stuit njoggen frijwilligers aktyf yn Eaststellingwerf. Sûnenz kin noch wol mear frijwilligers brûke foar DemenTalent.
De tún fan soarchsintrum Stellinghaven freget in soad ûnderhâld
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Jeannette Janssen is projektbegelieder en de dochter fan Krol. Doe't DemenTalent úteinsette hat se tegearre mei de case-manager fan Krol bepraat dat it goed wêze soe dat hy hjir oan mei die.
Se fernimt dat it projekt in soad goed docht. "Ik zie gewoon een hele blije papa", seit se. "Hij vindt het heel erg leuk om te doen en hij heeft nu ook een maatje."
Lammert Krol en maatsje Yasin Günes ûnderhâlde de tún
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Janssen doelt op dielnimmer Yasin Günes. Hy komt út Turkije en wachtet oant er meidwaan kin oan in taalkursus. Yntusken woe hy net thús sitte en hy hat him opjûn as frijwilliger.

Fan ICT nei it grien

Hy wurke as ICT-er en no stiet er yn de tún. "Ik leer van Lammert. Het is vandaag de eerste keer dat ik met deze tool werk." Hy wiist nei de skoffel en leart hoe't it stik hjit. "Het Nederlands leren gaat elke dag beter en Lammert is een goeie baas", gniist er.
Dat kin dus ek by DemenTalent: keppele wurde as maatsje en tegearre as frijwilliger oan de slach gean. "Ik haw in goeie maat", fynt Krol.
"En it wurk is foar ien man fierstente folle." Yntusken skoffelje se fierder yn it sintsje en wurdt de kuiertún fan soarchsintrum Stellinghaven yn Easterwâlde frij fan túch makke.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.