Sydynstreamers as rêding fan de soarch? Oplieding yn Drachten krijt hieltyd mear nije studinten

Oosterloo en De Vries
Roelof Oosterloo (links) wurke tritich jier as wenningstoffearder © Omrop Fryslân
It tal studinten ferpleechkunde by mbû-skoalle Firda is de ôfrûne jierren mei hûnderten weromrûn. Mar der is ek goed nijs: mei de sydynstreamers giet it just wol goed.
Dy oplieding is fêstige yn sikehûs Nij Smellinghe en is foar minsken dy't earst oar wurk dien of har fierder spesjalisearje wolle. Tsientallen nije studinten hawwe har hjir de ôfrûne tiid foar oanmeld.
Sûnt 2022 kinne studinten teplak yn it sikehûs. It is de earste mbû-oplieding foar folwoeksenen binnen de muorren fan in soarchynstelling. It is hiel wat oars as de eardere inservice-oplieding út it ferline, seit teamlieder Reinout de Vries fan Firda.
"Die werd betaald door de werkgever. Nu is dat anders. Ze leren hier en maken hun opdrachten in de praktijk. Dat is hier heel breed. Dus niet alleen de verpleging, maar bijvoorbeeld ook de gehandicaptenzorg."
De Vries
Teamlieder Reinout de Vries fan Firda yn Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
De sydynstreamers binne hurd nedich. It personielstekoart yn de soarch wurdt hieltyd grutter. Troch de dûbele fergrizing - minsken dy't âlder wurde en minsken yn de soarch dy't mei pensjoen gean - is der yn de takomst in soad ekstra personiel nedich.
"Die vraag zal alleen maar toenemen", befêstiget De Vries. "We willen dan ook graag meer studenten hebben."
Myn staazje yn de soarch befoel sa goed dat ik tocht: dêr wol ik fierder.
Roelof Oosterloo ferruile in baan as wenningstoffearder foar ien yn de soarch
Roelof Oosterloo (53) fan Drachten makke de kar. Hy wurke 30 jier as wenningstoffearder en is no begûn oan de oplieding om fersoargjende IG te wurden. IG stiet foar 'individuele gezondheidszorg'.
"Ik hie myn nocht", fertelt er. "Woe wat oars. Ik ha staazje rûn yn de soarch en dat befoel sa goed dat ik tocht: dêr wol ik fierder."
Oosterloo
Roelof Oosterloo wurke earder as stoffearder © Omrop Fryslân
It kontrast mei syn âlde wurk kin hast net grutter, seit Oosterloo: "Ik wurkje no hast allinnich mar mei froulju. Dat is hiel moai. Ik tocht earst ek dat it wurkjen mei minsken mei demintsy hiel swier wêze soe, mar it is echt myn ropping."
Hy wit dêrom ek al hiel goed wat er wol: wurkje yn in fersoargingshûs, dêr op in groep stean en medikaasje útdiele.
It grutte tekoart oan personiel is ien fan de redenen foar de fúzje fan de sikehuzen Tjongerskâns op It Hearrenfean en Antonius fan Snits. Sy wolle opgean yn in nij te bouwen sikehûs op De Jouwer. No komt it geregeld foar dat ôfdielings tydlik ticht binne omdat der net genôch personiel is.
Maklik is de oplieding net, seit Reinout de Vries. "We hebben uitvallers. Het niveau kunnen ze prima aan, het zit meer in de tijd."
Want de oplieding is drok en yntinsyf: "De meeste mensen hebben een gezin. Dan komt daar school bij en de stages die ze lopen. Ook thuis moeten ze nog wel aan het werk."
It is neffens De Vries benammen in keunst om de eigen grinzen te beweitsjen.
Kinne sydynstreamers de tekoarten oan personiel yn de soarch oplosse?
Dat slagget Chase Poel oant no ta hiel goed. De oplieding past goed by him. "Ik heb mijn roeping gevonden."
It wie wol efkes sykjen nei wêr't syn passy lei. "Ik deed eerst een opleiding begeleider gehandicaptenzorg. Dat was niet mijn ding." Doe't er op in bernebuorkerij oan it wurk wie, fernaam er dat er enerzjy krige fan it helpen fan kliïnten mei in beheining.
Sadwaande kaam er yn Drachten út. "Ik ben in eerste instantie de richting gehandicaptenzorg aan het doen. De ouderenzorg lijkt mij alleen leuker. Daar ga ik de volgende stage op inzetten."

Robotika

Benaud foar hege wurkdruk is Chase net. Hy sjocht in soad mooglikheden yn nije technology. "Denk dan aan robotica bijvoorbeeld. Zo'n kat die je kunt aaien, die je op schoot krijgt. Dat bestaat al op veel plekken. Waar dat nog niet gedaan wordt, kun je helpen dat in te voeren."
It duorsamme Auditorium fan it Nij Smellinghe
It duorsume Auditorium fan Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
It giet goed mei de oplieding. "Er is een grote meerwaarde om hier intern te zitten in Nij Smellinghe", seit De Vries. "Dat inspireert. Studenten zitten tussen het zorgpersoneel in. Er ontstaan gesprekken en mensen worden op ideeën gebracht."

Wês wolkom

It wurket ek twa kanten út. Ferpleechkundigen fan Nij Smellinghe stean dêr foar de klasse. Fan Firda leare sy dan wer hoe't se les jaan moatte. "Daar zit echt meerwaarde in."
Op de oplieding is noch romte, seit De Vries: "De vraag zal alleen maar toenemen. Wees dus allemaal welkom, want wij willen graag studenten hebben."