Alderein mei demintsy bakt 150 taarten foar Idzegea en Aldegea

Rienk Oudesluijs
Rienk Oudesluijs © Omrop Fryslân
Alderein mei demintsy fan in soarchbuorkerij yn Idzegea bakke 150 taarten foar de omlizzende doarpen. Sy hoopje jild yn te sammeljen foar in nije beleeftún.
"Ik sjoch dat jimme goed dwaande binne", seit Jantina Reijenga wylst sy op de soarchbuorkerij omrint. Se is ien fan de eigeners fan It Klokhûs, sa't de soarchbuorkerij hjit, en wurket mei oan it meitsjen fan de taarten.
Reijenga rint yn de rjochting fan twa âlderein dy't drok slachrjemme oan it klopjen binne. "Ik vind het leuk om hier aan te werken", seit Cees Bouwer mei in knypeach. "Maar het kost je wel een vrije dag hè?"
Deminte âlderein bakt taarten om yn te sammeljen foar in nije beleeftún
De soarchbuorkerij hopet yn de takomst in beleeftún oan te lizzen. Reijenga sil ferhúzje en op de nije buorkerij moat der in ekstra tiidsbesteging by komme foar de âlderein.
Dat is wichtich, want libjen mei demintsy is dreech. "Der binne minsken dy't net witte dat sy it ha. Dat is frustrearjend en docht sear. Mar der binne ek minsken dy't it wol witte dat sy it ha, dat kin noch dreger wêze. Je wrakselje dan bot mei je eigen mentale sûnens en dat hat in grutte ympakt."
Jantina Reijenga, eigener fan de soarchbuorkerij
Jantina Reijenga, eigener fan de soarchbuorkerij © Omrop Fryslân
Alderen komme efkes op de soarchbuorkerij om út dy wrâld fan twivel te flechtsjen. "Sy binne wer oan de gong en dat docht my sa goed", seit wurknimmer Beitske Breeuwsma.
Sy sit oan in grutte tafel yn in keamer fan de pleats en hellet de taarten troch de helte. Yn de midden komme de slachrjemme en advokaat dy't de sniestjerren kompleet meitsje.

Bakjes tichtplakke

"De âlderein hoecht ek net drege dingen te dwaan. Koartlyn hat in man de hiele dei de bakjes tichtplakt dêr't de taarten yn komme. Dat fûn hy sa moai dat hy hjir hjoed wer is. Dêr dogge wy it foar, dat gefoel fan eigenwearde weromkrije."
Rienk Oudesluijs
Rienk Oudesluijs © Omrop Fryslân
Njonken Beitske sit Rienk Oudesluijs, dy't de stickers op de doazen plakt. "Ik vind het fantastisch om hier te zijn", seit hy. "Het is een gezellige club en ik hoop hier nog een tijdje rond te spartelen."