Langer thús wenje? In heupairbag, robotkat en kaaifiner kinne helpe
In heupairbag dy't letsel foarkomt by in fal, in radio mei maklik betsjinbere knoppen of ljochten dy't op beweging wurkje. It binne tûke helpmiddels dy't te krijen binne yn de nije domoteek op It Hearreanfean.
De tûke helpmiddels wurde ek wol domoatika neamd. Se binne spesjaal ûntwurpen om it libben thús makliker en benammen feiliger te meitsjen, foaral foar âlderein. Doel is dat sy dêrmei langer thús wenjen bliuwe kinne.
De domoteek biedt ynwenners yn de omjouwing fan de gemeente Hearrenfean de kâns om de tûke helpmiddels fergees út te probearjen, noch foardat se der sels wat fan oanskaffe.
Heupairbag, robotkat en kaaifiner: út te probearjen yn Feanster domoteek
In kaaifiner is sa'n tûk helpmiddel. Hingje in kaaihinger oan in kaai dy't oars poater rekket en mei ien klik op in ôfstânsbetsjinning begjint de kaaihinger oanhâldend te piipjen.
Robotkat tsjin iensumens
Sa kin in doarbel dy't lûd makket en flitst ien derop attindearje dat der besite foar de doar stiet. En in spesjale robotkat kin iensumens tsjingean.
In lampe yn de sliepkeamer mei bewegingssensor kin helpe om nachts it paad nei it húske te finen.
In oantal helpmiddels is spesifyk bedoeld foar âlderein mei de sykte fan Parkinson of demintsy. Foar dy lêste groep is der bygelyks in tûk horloazje om selstannich te kuierjen. In gps-sinjaal jout ekstra feilichheid.
Utlis en demonstraasje
In pear produkten kinne net samar foar útlien meijûn wurde. Dy wurde yn de biblioteek demonstrearre en frijwilligers jouwe der útlis by.
Ek mantelsoargers of oare helpferlieners meie de helpmiddels fergees útprobearje.
Domoatika liene by de domoteek kin op in spesjaal sprekoere. Op woansdeis tusken 12.00 en 13.30 oere steane frijwilligers klear yn de biblioteek op It Hearrenfean om minsken dy't wat besykje wolle te helpen.
De domoteek is in inisjatyf fan Regioplan Heerenveen. Dat is in gearwurkingsferbân fan ferskate soarch- en wolwêzensorganisaasjes lykas ROS Friesland en de gemeente Hearrenfean.