Omrop Fryslân

Tsjitske sjocht grutte tsjinstellings yn Beijing: Wol in Tesla, mar gjin eigen húske

Tsjitske en Ton op it iis yn Beijing
© Tsjitske Dijkstra
Yn Beijing kinst tsjinstellingen tsjinkomme dy'tst net ferwachtsje soest. Lykas in Tesla foar de doar, mar thús gjin eigen wc. Dat seit Tsjitske Dijkstra (62) fan Seisbierrum dy't sûnt seis jier yn de Sineeske haadstêd wennet.
Tegearre mei har man Ton hat se in eigen trainingsburo. "Wy organisearje trainingen oer coaching, liederskip, kommunikaasje en assertiviteit. Dat wurk diene we al yn Nederlân."
Tsjitske oan it wurk
© Tsjitske Dijkstra
Sina koene se as fakânsjelân. "In moai en ferrassend lân. Nuver ek, mar betsjoenend op in bepaalde manier."
De leafde foar Sina brocht harren derta de stap te setten nei in libben yn dat lân. Mei harren ûnderfining as organisaasjepsychologen koene se oan it wurk by in besteand trainingsburo. In tal jierren lyn hawwe se de saak oernaam.
It bliuwt in soarte fan kabouter-Sineesk.
Tsjitske oer har kentnisse fan it Sineesk
De Sineeske taal is dreech. Oant no ta binne se net fierder kaam as in bytsje prate. It is wol handich dat se de sin 'ik praat in bytsje Sineesk' yn it Sineesk sizze kinne. It foarnimmen om de taal goed te learen wie der wol.
"We woene ús bêst dwaan om Sineesk te learen, ek as in soarte ferplichting nei in lân. Mar it is wol in opjefte, hear. Somtiden kamen we der op sneintejûn achter dat we it húswurk foar de les noch net dien hiene. En de oare deis moasten we wer oan it wurk."
Wat minder strang mei de taalleardoelen omgean, wie de konklúzje. "No oefenje we alle dagen tsien minuten op in taalapp. It bliuwt in soarte fan kabouter-Sineesk."
De trainingsgroep, mei yn de midden Tsjitske en Ton
© Tsjitske Dijkstra
Op it wurk hawwe Tsjitske en har man de toutsjes yn hannen. Se moatte in soad organisearje. As se sels trainingen jouwe, dogge se dat yn it Ingelsk mei in fertaler derby. Om harren hinne hawwe se wol in hiel netwurk oan Sineeske trainers. Dy brûke fansels de Sineeske taal.
Yn Beijing wenje se yn in âlde wyk mei allegearre leechbou en lytse strjitsjes. Somtiden kin der noch krekt in auto komme, mar faak ek net, fertelt Tsjitske.
Nauwe bedoening yn Beijing: gjin romte foar in auto, mar wol foar in matras
© Tsjitske Dijkstra
Kapper yn Beijing op strjitte oan it hierknippen
© Tsjitske Dijkstra
De buorlju groetsje, mar mear ek net. Foar de buertgenoaten bliuwe Tsjitske en Ton frjemden. De taalbarriêre spilet dêr ek yn mei. Ingelsk ferstean de Sinezen net, of suver net.
Reedride yn Beijing
© Tsjitske Dijkstra
"Fan 't simmer moast ik nei in heupoperaasje mei krukken gean. Fan ús hûs út is it 200 meter rinnen om by in taksy te kommen. Ynienen begûn minsken út de buert my freonlik ta te knikken. Mei hannen en fuotten besochten se derachter te kommen wat der mei my wie. Yn myn kabouter-Sineesk sei ik dat ik in nije heup hie. En no wiuwe se nei my."

Wy sykje Friezen yn it bûtenlân

Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
"Wat ik mis? Fansels kin ik sizze dat ik de dropkes mis, wat ek wol in bytsje sa is. En myn famylje. Mar ek - en dat realisearre ik my doe't ik werom wie yn Nederlân - de natuer. Tichtby de see of by it wetter sitte kinne. Der gewoan yn springe kinne."
"Yn Peking hast oeral stekjes en buordsjes mei 'tagong ferbean' of 'gefaar'. Boskpaadsjes dêr'tst net ôf kinst, bergen mei treppen derop montearre om derby op te rinnen. En oeral stean minsken dy't de boel yn de gaten hâlde. Yn Nederlân is it frijer, kinst gewoan in praatsje meitsje yn de winkel."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.