Omrop Fryslân

Benthe Slofstra ûndersiket bonken yn Atene: "Guon minsken fine it luguber"

Benthe Slofstra
© Benthe Slofstra
Benthe Slofstra (23) fan Hurdegaryp is krekt klear mei har masterstúdzje archeology yn Grins en wurket dizze moanne yn de Grykske haadstêd Atene. Dêr docht se ûndersyk nei âlde minsklike bonken.
Har spesjalisme is osteo-archeology, bonke-archeology. De minsklike oerbliuwsels dy't se ûndersiket, komme út Hellenistyske grêftomben fan 2.000 oant 2.300 jier âld.
"Guon minsken fine it luguber, mar it falt bot ta", fynt se. Se besjocht oft de bonkjes fan in man of in frou binne, hoe âld oft de minsken wurden binne en oft se sykten hân hawwe.

Man of frou

It fêststellen fan it geslacht giet it maklikst oan de hân fan de plasse en de heupebonken.
"Dêr binne grutte ferskillen tusken in man en in frou, al binne der fansels ek grutte froulju en lytse manlju."
Kara Schotanus, Paraskevi Takorou en Benthe Slofstra
© Benthe Slofstra
Hoe komt se oan dit wurk yn Atene? "Myn dosint fan de universiteit hat in ûndersyksprojekt. Sy sei: Ik haw noch in masterstudint nedich. Hast do wat te dwaan yn de fakânsje?"
Nee, dat hie se net. En al hie se it wol hân, dit wie in kâns dy't se net foarbygean litte koe.
Meidwaan te kinnen oan dit ûndersyk is bysûnder, want it giet om hiel âld materiaal. Dit moatte hast wol de âldste minskebonken wêze dy't se yn hannen hân hat.
"De measte bonkjes dy't ik sjoen haw, komme út de midsiuwen."
Benthe Slofstra yn Atene
© Benthe Slofstra
Hoe foldocht it yn de Grykske haadstêd? "Atene is geweldich foar in archeolooch. It is wol gleonhjit. No is it 37 graden, mar we hawwe de ôfrûne wiken ek wol 39 graden hân. Dat hat ús der net fan wjerhâlden om elk archeologysk plak yn de stêd te besjen. We hawwe op de Akroplis west, op âlde merkpleinen en yn timpels."

Griene tosken

By har ûndersyk hat se ek noch in nijsgjirrige konstatearring dien: griene oanslach op it gebit.
"We seagen dat guon tosken grien ferkleure wiene. Dat kin komme fan in koperen jildstik yn de mûle. It wie de gewoante dat in ferstoarne in jildstik yn de mûle krige om te beteljen foar de oertocht oer de Styx."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Yn de Grykske mytology moasten de deaden de Styx oer om yn de ûnderwrâld, de Hades, te kommen. Oerfarder Charon brocht harren mei in boatsje nei de oare kant fan de rivier. Dy moast betelle wurde en dêrom krigen de deaden jild mei.
Soms, net altyd, wurdt yn de grêftomben dat koperjild weromfûn, fertelt Slofstra.
Benthe Slofstra yn Atene
© Benthe Slofstra
Benthe moat hast ek wer op reis. Dit is har lêste wike yn Atene. As se werom is yn Grins, wol se de kommersjele archeology yn.
Har doel is it om te wurkjen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Skeletten en minsklike oerbliuwsels út de midsiuwen ûndersykje, bygelyks fan terpbewenners.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.