Omrop Fryslân

Stúdzje bringt Jilke Schokker nei Sweden en Finlân: "Mar ik mis de bitterballen"

Jilke Schokker en har Sweedske freon Alex
© Eigen foto
Nei in jier studearjen yn Sweden komt Jilke Schokker (23) út Haskerhoarne noch net werom nei Fryslân. Finlân is de folgjende bestimming. "Mar ik mis de bitterballen."
Jilke hat it ôfrûne jier in masterstúdzje Marketing & Branding dien oan de universiteit fan Lund. Dat leit yn it suden fan Sweden, sa'n 20 kilometer noardeastlik fan Malmö.
Jilke is krekt ôfstudearre oan de universiteit fan Lund
© Eigen foto
De stêd hat likernôch 100.000 ynwenners en ûngefear de helte dêrfan is ferbûn oan de universiteit, fertelt Jilke. "Se wurkje of studearje der. It is in hiel ynternasjonale stêd."
It is net sa'n hiel grut plak en dat fynt se wol noflik. "Hast hiel fluch datst minsken op stritte tsjinkomst, dy'tst kenst."
It útsicht út de studinte-akkommodaasje yn Lund wei
© Eigen foto
It wenjen en studearjen yn Lund fynt se moai, al binne der net hiel grutte ferskillen mei wat se wend wie. Earder die se de oplieding International Business oan de Ryksuniversiteit Grins.
"Dat wie ek wol aardich ynternasjonaal. Wat dat oanbelanget is der net in soad feroare, behalve dat ík no ien fan de ynternasjonale studinten bin."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Wat wol oars is? "Kinst hjir de leararen gewoan oansprekke mei de foarnamme. En it sifersysteem."
Jilke en har freondinnen by de diplomaútrikking
© Eigen foto
Se hat krekt har diploma helle. Op har ôfstudearskripsje krige se in B. "Dat is tusken de 7 en 8 yn Nederlân", leit se út. In resultaat dêr't se tige tefreden mei is.
Yn Lund giet se ek nei tsjerke. "In ynternasjonale tsjerke en dêr ha ik it hiel bot nei myn sin." Dat komt foaral omdat der in soad jongeren by dizze tsjerke sitte, seit se. Ek sjonge se ynternasjonale ferskes en dogge se in soad aktiviteiten.
It jout in stikje mienskip en mear bining mei oaren.
Jilke Schokker oer wat de tsjerke foar har betsjut
Se hellet der stipe út. "It jout in stikje mienskip en mear bining mei oaren. Dat is wol hiel wichtich ast yn it bûtenlân bist." Mar it belangrykste is wol, dat se dêr har Sweedske freon Alex moete hat.
Tegearre gean se geregeld te kampearjen yn de natuer flakby Lund. De kommende tiid sil dat der lykwols net mear fan komme, want Jilke ferhuzet ynkoarten nei Finlân. Dêr sil se earst nei de simmerskoalle en dêrnei noch in heal jier studearje yn Helsinki.
Kampearje yn in 'shelter' yn 'e bosk
© Eigen foto
Dy reislust hat se net fan har âlden, fertelt se. "Wat dat oanbelanget, bin ik wol wat oars. Ik fyn it hiel leuk om wat fan de wrâld te sjen."
As se klear is yn Finlân soe se wol werom wolle nei Sweden, nei har freon. Mar Fryslân bliuwt ek altyd in opsje. Se mist it om by har famylje en freonen sjen te kinnen. "Dat giet no net sa maklik. Dy kin ik no eins allinnich mar belje."
Lund yn 'e winter
© Eigen foto
Bepaald iten mist se ek. "As myn âlden in kear lânskomme, dan kinne se natuerlik altyd wat meibringe. Mar wat net meibrocht wurde kin, binne bitterballen. Dy moatte kâld bliuwe."
Ta har grutte spyt is der gjin bitterbal te krijen yn Lund. "Der is wol in hiel soad falafel, dus ik moat it dêr mei dwaan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.