Omrop Fryslân

Ivo Haitsma fûn leafde en wurk oan de Costa del Sol: "Ik kom net gau wer werom"

Ivo Haitsma by de Puente Nuevobrêge
© Eigen foto
Ivo Haitsma (27) fan Wytmarsum gie yn 2019 nei de Spaanske Costa del Sol foar in simmerbaantsje. Hy bleau der hingjen foar de leafde en hat no syn eigen reisburo yn Torremolinos.
Haitsma hat de Hotelskoalle yn Ljouwert dien. Nei syn ôfstudearjen krige er fuortendaliks wurk by in reisorganisaasje. "Ik sei: stjoer my mar ergens nei ta. Ik lit my wol ferrasse, dan kin it allinnich mar meifalle."
En sa waard er nei Andalusië stjoerd, nei de regio Málaga. In soad kennis oer it gebiet hie Haitsma net. "Ik wist allinnich dat der in fuotbalklup wie, mear wist ik net."
Ivo Haitsma
© Eigen foto
Dat is yn fiif jier tiid wol feroare. Mei syn libbens- en sakepartner David organisearret er sûnt 2022 lytsskalige rûnreizen troch Andalusië, wat fierder wei fan it massatoerisme oan de kust. It binne meastentiids Nederlânske stellen dy't by harren reisburo Iconico Travel boeke.
De leafde foar David (44), dy't fan oarsprong út Bolivia komt en de Spaanske nasjonaliteit hat, is eins de reden dat Ivo yn Spanje bleaun is.
"Je witte wol in bytsje hoe't it giet mei sokke ferhalen. Dan komme je ien tsjin, je bliuwe ergens hingjen en sa binne je fiif jier fierder."
Ivo mei syn libbens- en sakepartner David
© Eigen foto
Hy hat der gjin spyt fan. It libben yn Spanje foldocht goed. Se wenje yn in appartemint mei in moai, grut balkon yn Torremolinos.
"We wenje yn in 'comunidad', in soarte fan mienskip mei in pear appartemintekompleksen. Hiel folle minsken brûke it as twadde húske. Sy binne der hiel faak net, dus it is hartstikke rêstich hjirre", fertelt er.
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
"We ha in moai swimbad en we sjogge út op de Middellânske See. Dat binne in pear yngrediïnten dy't derfoar soargje dat ik net sa gau wer weromkom."
Plaza de España yn Sevilla
© Eigen foto
It Fryske thúsfront hat der wol begryp foar. "Myn âlden hâlde ek fan reizgjen en se sjogge dat it in hiel moaie bestimming is hjir. It is 2,5 oere yn it fleantúch. Myn âlden komme hjir gauer as dat ik dêrhinne gean."
Langstme nei Fryslân hat er dan ek net. Hy bliuwt realistysk en sjocht dat elk plak syn foar- en neidielen hat. "Hjir binne dingen goed regele en oare dingen binne yn Nederlân goed regele, dat moatst in bytsje nochter besjen."
It is in bytsje klisjee, mar it waar docht safolle mei minsken.
Ivo Haitsma wennet oan de Costa del Sol
Dat it hast altyd moai waar is oan de Costa del Sol, helpt in soad. "It is in bytsje klisjee, mar it waar docht safolle mei minsken. Ik ha foto's fan de Slachtemaraton sjoen, auto's ûnder de modder, mar hjir is dat hielendal net in tema."
By de kofje-automaat op it wurk wurdt net praat oer it waar. "Dêr hâld ik my net mei dwaande, dus dat skeelt my wer in deitaak", grapket Haitsma. Wat se dan wol beprate? "Wat sille we ite, en wannear gean we nei it strân?"
Oan de Costa del Sol is it hast altyd moai waar
© Eigen foto
Oft er ea noch wer nei Fryslân weromkomme sil, wit er net. "Safier plan ik net foarút. We binne no moai dwaande mei Iconico Travel en de reizen dy't we organisearje. Dêr wol ik op in gegeven momint ek wol wer wat yn útwreidzje."
Miskien wolle Ivo en David yn de takomst ek noch wol mear fan de wrâld sjen. "Wy binne by wize fan sprekken in online reisburo, we kinne fanút elk hûs wurkje, dus dat skeelt ek. Wy binne fleksibel, mar we ha no hjir in moai plakje."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.