Omrop Fryslân

Marrit (30) wennet yn Australië: "It Fryske hynder sil nea wer út myn libben gean"

Marrit yn Australië mei har Frysk hynder Ytka
© Eigen foto
It Frysk hynder betsjut in soad foar Marrit Koning (30) fan Weidum. Se fûn der wurk troch en yn Australië sels de leafde.
Mei har freondinne Laura wennet se op in pleatske mei eigen Fryske hynders. Dy jouwe har in gefoel fan thús, wat se wol brûke kin yn Australië, want se mist it doarpsgefoel.
Wat hat se mei Fryske hynders? Of kinst better sizze: "Wat hat se nét mei Fryske hynders", antwurdet Koning. It is in konstante faktor yn har libben.
"Ik bin opgroeid mei it Frysk hynder. Sân jier haw ik by stâl Okkema yn Britswert wurke. Allinnich mar mei Fryske hynders. Yn Australië haw ik Laura moete, ek troch it Fryske hynder. It Fryske hynder sil nea wer út myn libben gean, tink ik."
Marrit op it strân fan ien fan de Whitsundays-eilannen yn har earste wike as rêchsektoerist
© Eigen foto
Doe't se yn Australië kaam as rêchsektoerist, wurke se down under ek mei Fryske hynders. Se wie hynstetrainer. No net mear. Omdat se ûngelokken meimakke hat mei de hynders, moast se oar wurk sykje.
Wêrom is se eins nei Australië ta gien? Nei sân jier by Okkema woe se wolris wat oars, leit Koning út. In tuskenjier om te reizgjen en dêrnei weromkomme. Sa soe se it hawwe.
Sorry mem, dat ik net harke haw.
Har mem hie Marrit al warskôge: Tink derom, net fereale wurde
Har mem stie achter har plannen dat se reizgje soe, wat fan de wrâld sjen en nei in jier weromkomme. Wat se beslist net dwaan moast, wie omfierrens bliuwe foar de leafde. En dat is no krekt wat Marrit wol oerkaam. "Sorry mem, dat ik net harke haw."
Marrit mei Laura en harren Fryske hynder Ytka op in hynstekeuring (2023)
© Eigen foto
Lykas earder sein, se kaam har freondinne Laura ek tsjin troch it Frysk hynder. Marrit wurke yn Australië op in pleats dêr't se Fryske hynders trainden en ferkochten. Der binne mar fiifhûndert Fryske hynders yn Australië. Laura kaam dêr om in fôltsje te keapjen. "Ik holp har en we waarden goede freonen." Letter rekken se fereale en no wenje se tegearre.
Se wenje yn Winchelsea. "Mei in prachtich útsjoch oer de mar." Se hawwe de hynders oan hûs. Fjouwer hynders hat Marrit. Twa dêrfan binne Fryske hynders en ien is in krúste Fries.
Winchelsea leit goed 110 kilometer besuden Melbourne yn West-Australië, net fier fan de stêd Geelong. Se wenje hjir omdat Marrit ferpleechkunde studearret yn dy stêd. Njonken har stúdzje wurket se yn de handicapte- en âldereinsoarch. As se klear is mei ferpleechkunde mei se ek medyske hannelingen dwaan.
It plak yn Winchelsea dêr't Marrit en Laura wenje
© Eigen foto
It kontakt mei Fryslân is goed. "Us mem fynt it leuk dat ik hjir bin en dat ik bliid bin. We belje alle wykeinen, appe alle dagen en stjoere foto's. Mem hat hjir krekt foar de covid ek noch west en ik haw mei Laura twa kear yn Nederlân west."
De merke, it krystbal, efkes in praatsje meitsje.
Marrrit yn Australië mist it doarpsgefoel fan Weidum
Mist se Fryslân? Se moat lang neitinke: "Hmmmm, ik mis it lân Nederlân en Fryslân net, mar myn freonen en famylje wol.
En wat ik ek hiel bot mis, is it doarpsgefoel. De buorje dy't hjir it tichtsteby sitte, wenje fiif kilometer fan ús ôf. Gjin idee wa't se binne. Yn in lyts doarpke as Weidum hast de merke, it krystbal. Mei elkenien efkes in praatsje meitsje. We kenne inoar allegearre. Dat mis ik wol hiel bot."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Sit in ferhuzing werom nei Fryslân of Nederlân der yn de takomst ek noch yn? "Absolutely not", seit Koning beret. Se hâldt fan romte om har hinne en dat se net op de fingers sjoen wurdt:
"We bliuwe, want hjir hawwe we mei sa'n 100 hektare de romte. De hiele dei kinne we omrinne en gjinien wit wat we dogge. Dat fyn ik hearlik. En de natuer ek. Dat hast net yn Fryslân of Nederlân."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.