Pensjonhâldster Claudia yn Eastenryk: "Ik mei ek graach efkes troch Dokkum strune"
Fan har fjirde jier ôf gie Claudia Zwart út Dokkum al mei op skyfakânsje. No hat se tegearre mei har man Bart in pensjon yn it plak Maria Alm. "Wy hawwe hjir ús plak fûn."
Oant har achttjinde wenne Claudia (37) yn de Bonifatiusstêd. Har opliedings yn Fryslân stiene al yn it teken fan bewegen en toerisme. Op it Hearrenfean siet se op it Centraal Instituut Opleiding Sportleiders, better bekend as it CIOS. Dêrnei folge se yn Ljouwert de stúdzje frijetiidsmanagement. Om dy tiid hinne moete se ek har lettere partner Bart.
"We wenje no tolve jier yn Eastenryk", fertelt Claudia. De earste fiif jier pachten se in pensjon yn Saalbach.
"Eastenryk is prachtich en wat we dogge, fine we moai. Nei fiif jier woene we hjir eins wol bliuwe. Doe fûnen we dit pensjon yn Maria Alm dat we keapje koene. Dat hawwe we dien en we sitte hjir op dit plak ek alwer sân jier."
Sechstjin keamers hawwe se, foar mei-inoar fjirtich gasten. Yn de winter dogge se healpensjon. Dat betsjut njonken moarnsiten ek jûns iten siede foar de gasten. Yn de simmer is it allinnich moarnsbrochje en dan is it wat rêstiger.
"It is no noch net drok, mar oankommend wykein begjint it echt. Yn de simmer dogge wy it in rêstigeroan as yn de winter. Dat litte we ek sa. Simmerdeis wurkje we mei ús twaen. Yn de winter hawwe we der twa ekstra minsken by. Dan kinne we ek wat mear gasten hawwe."
Maria Alm leit yn it westen fan Eastenryk, net fier fan de grins mei Dútslân. It gebiet dêr't Claudia-en-dy sitte, is in wintersportgebiet dat ek geskikt is foar simmertoerisme. De pensjongasten komme út hiel Europa, net allinnich út Nederlân. It simmerseizoen duorret oant sawat ein septimber. Dêrnei hawwe se in pear moanne rêst oant desimber.
Harren pensjon yn Maria Alm leit op in strategysk plak foar wintersporters, want de skylift is flakby. Skye hat Claudia al leard doe't se noch in bern wie. "Fan myn fjirde jier ôf namen myn âlden my altyd mei op wintersport. We giene eins alle jierren nei Eastenryk om te skyen. Dat siet der doe al yn."
Se hat no sels ek twa jonge bern. Julan (5) en Levijn (2) binne berne yn Eastenryk. Skye dy ek al? "De âldste fan hast fiif wol. Hy kriget sels op de Kindergarten skyles. Mei him kin ik no de lift yn en nei ûnderen ta skye. De jongste fan twa jier is noch te lyts. Miskien dat ik him fan 't winter in bytsje wat leare kin."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
As Claudia wat mist fan thús, dan is it de see en Dokkum. "It is altyd moai om werom te wêzen by myn âlden en om sa no en dan efkes troch Dokkum te strunen. Mar fierder mis ik Fryslân en Nederlân net. Miskien dat we ea oer in pear jier, as de jonges wat grutter binne, wat folslein oars dogge. Sis noait noait. Mar foarearst hawwe we hjir ús plak fûn."