Fan klykje nei kroech: studinten meitsje bier fan bôle
Alle dagen smite wy yn Nederlân sa'n 800.000 bôlen fuort. Studinten fiedingstechnology fan it Aeres MBO Ljouwert wolle it âlde bakkersbrea in twadde libben jaan. Dat dogge sy yn de foarm fan in simmersk blond bierke.
Michel Schaafsma (24) en Wouter de Beer (21) 'ploppe' harren earste bottele bierke: "Sa, dat wie lûd", sizze de jonges. De namme fan it bierke seit it eins al: 'de Vloeibare Boterham' is letterlik in floeibere bôle.
"De bôle dy't normaal yn de kliko bedarret, wurdt by ús brocht. Ut it setmoal helje wy de sûkers dy't wy goed brûke kinne foar bier", fertelt Schaafsma grutsk.
It bierke is ûnderdiel fan it sirkulêre projekt 'Retourbrood'. It is in inisjatyf fan Bakery Sweets Center, in noardlik gearwurkingsferbân tusken bakkerijen, it ûnderwiis en de oerheid.
De Aeres-studinten wurkje gear mei Bakery Sweets Center, mar ek mei Hogeschool Van Hall Larenstein en it Food Application Centre for Technology fan de hegeskoalle. It recyclebierke is neffens harren eins in lytse start-up.
Sa'n 35 prosint fan it mout yn bier is ferfongen troch bôlepasta, wat de studinten makken fan âlde bôlen en wetter. It doel fan it projekt is om de 150.000 kilo oan fuortsmiten bôle mei in tredde te ferminderjen.
Het zou ook heel mooi zijn als het later in de supermarkt te verkrijgen is.
Bakker Romke van der Meulen, dy't saken docht yn Frjentsjer en Snits, is entûsjast. In soad âlde bôle giet al nei de Voedselbank of nei oare inisjativen as Too Good To Go, mar dat kin lang net mei alles.
Van der Meulen leit út dat it gros ferwurke wurdt ta feefoer. Hy sjocht it graach oars en is dan ek bliid mei dit projekt. "Der wurdt in ôfgryslik soad bier dronken. Grutte hoemannichten bôle kinne hjirfoar brûkt wurde."
It idee is sa útwurke dat in 'echte' bierbrouwerij de reseptuer sa oernimme kin, om it ferfolgens op te skalen. In earste ôfspraak mei in brouwerij stiet al op de planning.
De Beer hat it al hielendal foar eagen. "Het is een echt terrasbiertje, maar het zou ook heel mooi zijn als het later in de supermarkt te verkrijgen is."
Ek oar iten makke fan bôlepasta
No wurdt der net allinnich mar bier makke fan âlde bôle. Yn de Voedingsmiddelenhal fan Aeres yn Ljouwert wurde fan bôlepasta ek sûkerbôle, oranjekoeke, Fryske dúmkes, bonbons en spiis makke.
De earste 'Vloeibare Boterham' wurdt woansdei oanbean oan Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer op de kampus yn Ljouwert. Hy krijt dan ek fuort in rûnlieding by it Food Application Centre for Technology (FACT) en de Voedingsmiddelenhal del.
Imago fan bakkersfak ferbetterje
Van der Meulen hekelet it imago fan it bakkersfak: "Sjochst it hjir, allegear grize masines. Dat lûkt net." Hy hopet dat dit soarte ynnovative oplossingen en projekten itenstechnologyen wer hip makket.
Schaafsma: "Ik fûn it proses fan it brouwen hiel leuk. Dat je mei in pear yngrediïnten sa wat moais meitsje kinne. Super leuk!" De Beer heakket dêroan ta: "Wel wat anders dan dat je het alleen maar drinkt."