Bakker yn Frjentsjer makket bonbons fan bôle om itensfergriemerij tsjin te gean

Bonbons fan bôle © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Eltse dei wurde 700.000 bôlen yn Nederlân hielendal net opiten, seit de stichting Samen Tegen Voedselverspilling. Dat moat oars, tocht in bakker yn Frjentsjer. Dêrom krije syn dûbel-donkers en tigerbôlen no in twadde libben as: bonbon.
Bakkerij Van der Kloet yn Frjentsjer makke al gebrûk fan 'Too Good to Go'. In app wêryn't supermerken, slachters en bakkers foar in skerpe priis guod oanbiede dat net ferkocht wurdt. Dochs bliuwt der yn de wykeinen noch in soad bôle lizzen. Dy bôle, dêr't oeren en oeren arbeid yn sit dan mar nei de bargen ta? Eigener Jan Douwe Gerbranda koe it net mear ferkroppe.
Fia koepelorganisaasje Bakery Sweets Centre kaam Gebranda yn kontakt mei hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dêr betochten se ferline jier in nije bôlepasta. It die bliken dat dy pasta ek prima as bonbonfolling brûkt wurde kin.
Bonbons fan net-ferkochte bôle
Mei help fan sûkelade-ekspert Koen Bakker fan United Blokes in Choc betocht de bakker fjouwer smaken. "We hebben wel tien verschillende testbonbons gemaakt", seit Bakker.
Huning-karamel, ierdbei-fanylje, amandel-marsepyn en cranberry kamen troch de test. Grutte fraach is fansels: hoe priuwe de bonbons? "Ik vond hem heerlijk", seit ien fan de earste priuwers. "Het smaakt echt puur naar chocolade."
Fan dizze bôlepasta wurdt de bonbonfolling makke © Bakery Sweet Center
De bedoeling is dat hegeskoalle Van Hall Larenstein him úteinlik weromlûkt út it produksjeproses. Gerbranda tinkt yntusken nei oer oare wizen om it weismiten fan iten foar te kommen. "De restanten fan de tompoezen binne de folgjende útdaging", laket er