Hoe't âlde bôle in twadde libben kriget troch nij ûntwikkele bôlepasta

Jam makke fan bôlepasta © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Om't de gemiddelde konsumint graach farske bôle keapje wol, leit der alle dagen farsk guod yn 'e winkel. Dat betsjut dat bôle, dy't oan de ein fan de dei oerbliuwt, deistich sammele wurdt en as feefoer ferkocht wurdt.

Bakker Sjoerd Jellema út Hoogeveen fûn dat skande. Syn idee is dat de âlde bôle recycle wurde kin. Om dat mooglik te meitsjen betocht hy de saneamde bôlepasta, in swiet guodsje makke fan âlde bôle en wetter.

Koekjes, iis, jam en bôle makke fan bôle

"Ik neam it wolris giele fla mei in brún tintsje", seit Tsjollyn Kuperus. "Der sit ek in moai glânske op." Sy wurket as dosint Voedingsmiddelentechnologie by it Van Hall Instituut yn Ljouwert. "It setmoal yn de âlde bôle is omsetten yn sûker. Dus it priuwt wat swiet."
Studinten dy't mei bôlepasta oan de gong binne © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Kuperus hat mei in groep studinten oan 'e gong west om te sjen hokker produkten der te meitsjen binnne fan dizze bôlepasta. Tongersdeitemiddei wie der in priuwerij werby't de resultaten presintearre waarden. Sa wiene der ûnder oare koekjes, jam, bôle, sorbetiis, sjerp en sels in pipernutepasta foar op bôle. Guon produkten bestean al, wêrby't in grut part sûker ferfongen is troch de bôlepasta.

Sorbetiis it lekkerst

Oanwêzigen mochten ek in stim útbringe. Hokker produkt fûnen sy it lekkerst? Mei in mearderheid gie de winst nei it sorbetiis fan studinte Margaretha. "Ik ha foar myn iis in mjuks makke fan sûker, fruit en bôlepasta. Ferwaarmje oant 72 graden, en dan ôfkuolje litte en yn de iismasine dwaan. Op himsels net iens sa yngewikkeld."
It winnende iis smakket bêst soer, wylst de bôlepasta in swiete smaak hat. "It fruit oerhearsket de swiete bôlepasta", leit Margaretha út. "Dat wie ek de bedoeling. It hat wol even duorre foar't de ferhâldingen goed wiene, mar úteinlik wie ik hiel bliid mei it resultaat. En it publyk ek, want myn iis smakke it bêste!"

Bôlepasta yn 'e winkel

Betinker Sjoerd Jellema wie ek oanwêzich by de presintaasjes. "De creativiteit van de studenten is fantastisch om te zien. We hebben nu mooie ideeën en mooie producten. Maar nu gaat het erom dat we het op de markt kunnen brengen. Want dit is een mooi begin, maar het gaat nu om het vervolg."
De grútste útdaging sit him neffens Jellema yn de produksje fan de bôlepasta. "Als we het voor elkaar kunnen krijgen dat deze broodpasta op grote schaal gemaakt gaat worden, en we de pasta kunnen leveren aan koekjesfabrikanten of ijsfabrikanten, dan gaat het geen jaar duren voor deze producten te koop zijn denk ik."