We smite noch hieltyd te folle iten wei, sa blykt ek op De Lemmer

Ynwenners fan De Lemmer smite yn ferliking mei ynwenners fan oare plakken in soad suvel wei. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Voedingscentrum nei it fergriemen fan iten. Boppedat bedarret dêr in protte griente by it gft-ôffal.
Foar it ûndersyk is in analyze útfierd fan it restôffal yn trettjin gemeenten en it gft-ôffal yn alve gemeenten. De gemeenten lizze ferspraat oer Nederlân. Yn it undersyk is ien Fryske gemeente opnaam: De Fryske Marren, mear spesifyk it plak De Lemmer.
Yn eltse ûndersochte gemeente waard ien kear it rest- en gft-ôffal fan tsien húshâldens apart ynsammele en sortearre. De selektearre húshâldens wienen ferdield oer trije strjitten yn de gemeente. Yn it foar waarden de húshâldens hjir net fan op 'e hichte steld. Sa waard it weismytgedrach sa min mooglik beynfloede.
Suvel
Ut it ûndersyk docht bliken dat bôle it meast by it restôffal smiten wurdt op De Lemmer: 2.803 gram. Dat is dus it totaal fan de tsien húshâldens. Yn ferliking mei de oare ûndersochte gemeenten falt op dat der op De Lemmer in protte suvel weismiten wurdt. Yn gjin inkelde gemeente bedarret der mear suvel yn it restôffal as de 1.342 gram fan De Lemmer. Yn Staphorst bliuwt it bygelyks by 23 gram.

Yn totaal waard op De Lemmer 10.652 gram iten by it restôffal smiten. Dat is in stik minder as de 21.628 gram fan Amsterdam, mar behoarlik mear as de 1.876 gram fan Staphorst.
Oantal gram de produkt by it restôffal op De Lemmer:
Fleis foar op 'e bôle wurdt it minst yn it restôffal smiten op De Lemmer (11 gram). Yn ferliking mei de oare ûndersochte gemeenten is dat fierwei it minste. Dêr stiet tsjinoer dat dizze produktgroep wol faak by it gft-ôffal bedarret. Allinnich de gemeente Son en Breugel komt oer de 40 gram fan De Lemmer hinne.

Op De Lemmer waard mear as 3 kilo griente by it gft-ôffal smiten. Dat is folle mear as yn de oare ûndersochte gemeenten. Yn Blaricum gie it bygelyks net iens om 300 gram. Aaien en tsiis bedarren net in soad by it gft-ôffal op De Lemmer.
Fan de ûndersochte gemeenten bedarre yn Son en Breugel it measte iten by it gft-ôffal (15.286 gram). Op De Lemmer giet it om 5.716 gram.
Oantal gram de produkt by it gft-ôffal op De Lemmer:
Njonken in ôffalanalyze yn trettjin gemeenten hat it Voedingscentrum online fragelisten ferspriede litten om der sa efter te kommen fia hokker oare rûten iten fergriemd wurdt. 1.008 minsken, útsplitst nei geslacht, âldens, oplieding en provinsje hawwe dy fragelisten ynfolle. De groep foarmet in represintative ôfspegeling fan de Nederlânske befolking fan 18 jier en âlder.
Mei de resultaten fan de fragelisten en de ôffalanalyze waard berekkene hoefolle iten der yn totaal de persoan yn 2022 fergriemd waard. It Voedingscentrum kaam út op 33,4 kilo. Dit is 8,9 persint fan it totaal kochte iten.
Yn it ûndersyk wurdt de folgjende definysje hantearre foar it fergriemen fan iten:
Voedsel dat is geproduceerd voor menselijke consumptie, maar hiervoor niet wordt gebruikt. Er wordt hierbij geen onderscheid gemaakt tussen voedsel dat voor of na de houdbaarheidsdatum wordt weggegooid, of tussen voedsel dat wel of niet bedorven is. Dranken en vloeibaar voedsel vallen buiten deze definitie.
Nederlân hat him kommittearre oan it Sustainable Development Goal (SDG). Dit betsjut dat it oantal kilo's oan fergriemd iten de persoan yn 2030 de helte minder wêze moat as yn 2015. Doe gie it om 43,3 kilo weismiten iten de persoan en dus soe dat sifer yn 2030 op likernôch 21,6 kilo lizze moatte.
Delgong stûket
Yn ferliking mei 2019 rûn it tal fergriemd iten de persoan noch mar mei 900 gram werom. It Voedingscentrum konstatearret dat de delgong stûket. Op dizze wize wurdt it dreech om it doel fan 2030 te heljen.

"De meeste Nederlanders geven aan hun best te doen. Toch zien we dat, in vergelijking met vorige metingen, voedselverspilling deze keer minder afnam. Ondanks dat we wel degelijk de goede kant opgaan, moeten er nog flinke stappen worden gezet", seit Lilou van Lieshout fan it Voedingscentrum.
It Voedingscentrum ropt dêrom op om de skouders derûnder te setten om itensfergriemerij tsjin te gean.
Tips fan it Voedingscentrum om it fergriemen fan iten tsjin te gean:
- Check earst de foarried foardatst boadskippen dochst
- Meitsje in planning fan watst ite silst en wurkje mei boadskippelistjes
- Mjit de yngrediïnten ôf dy'tst nedich hast
- Hifkje wêr'tst itensguod it bêste bewarje kinst en bewarje it dan ek dêr
- Set de kuolkast op 4 graden, dan bedjert it iten minder fluch
- Tink om hâldberheidsdatum en yt it guod dat as earste op moat it earst
- Gean kreatyf om mei oerbliuwsels
Mear tips binne hjir te finen.
It binne lykwols net allinnich konsuminten dy't in ferantwurdlikheid hawwe, fynt it Voedingscentrum. Ek produsinten en supermerken soenen der in stientsje oan bydrage moatte.
Sa soenen se iten yn lytsere poarsjes oanbiede kinne. Boppedat soenen se mear ynformaasje jaan kinne oer hoe't in produkt it bêste bewarre wurde kin en wat in hâldberheidsdatum no krekt ynhâldt.